Flagge fan Koatstertille
De flagge fan Koatstertille is de flagge fan it doarp Koatstertille, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 2005 registrearre.
It ûntwerp is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Fiif like heege horizontale strepen fan wyt en blau, mei oan de broekside yn de boppeste twa wite banen in reade merlet, pleatse op 1/10 flaggelingte fanôf de broekside,
De kleuren komme út it wapen fan Koatstertille.
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe banen: ferwizing nei it Prinses Margrietkanaal.
- Reade merletten: de reade kleur is oernommen út it wapen fan Achtkarspelen.
Eardere flagge
bewurkje seksjeYn 1999 is in eardere flagge registrearre en yn 2001 is dizze ôfkarre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan dy flagge is:
Yn wyt in blauwe broekingstrijehoeke, reitsjend oan it midden fan de flagge, belein mei in giele fjouwerblêdige skipsskroef mei in diameter gelyk oan 1/4 fan de flaggehichte; yn de flecht in swarte brutsen broekkeper wêr fan de fuorten de boppe- en ûnderkant fan de flagge yn trije like lange stikken ferdield; de top fan de keper brutsen yn de rjochting fan de flaggediagonalen en reitsjend oan de flechtside op 1/3 en 2/3 flaggehichte.
De kleuren komme út it eardere wapen fan Koatstertille.
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe broekingstrijehoeke: ferwiist nei it Prinses Margrietkanaal.
- Skipsskroef: symboal faor de skipsbou en -feart yn it kanaal.
- Brutsen swarte keper: symboal foar de beweechbere brêge.
- Kleurstelling: swarte en wyt komme út it wapen fan De Koaten.