Flagge fan Kollumersweach
De flagge fan Kollumersweach is de flagge fan it doarp Kollumersweach, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge is yn 1969 registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerpperioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkard of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen grien en giel, dêr't de lingten fan har ferhâlde ta 1:2:1, mei op it midden, mei de hichte fan 1/3 flaggehichte en mei de breedte fan 1/4 fan de flaggehichte, in reade kastieltoer op in leech fuotstik, mei trije kantielen, in rjochthoekige poarte-iepening en twa smelle rjochthoekige finsters.
De kleuren komme út it wapen fan Kollumersweach.
Symbolyk
bewurkje seksje- Kastiel: ferwiist nei de trije stinzen dy't yn it doarp stien ha.
- Griene banen: ferwize nei de feehâlderij dy't prominint wurden is.