Flagge fan Krimpenerwaard

De Súd-Hollânske gemeente Krimpenerwaard is op 1 jannewaris 2015 foarme en op 22 desimber 2021 hat de gemeenteried de gemeentelike flagge fêststeld. It ûntwerp is keazen út in ûntwerpwedstriid dy't op 13 july 2020 oankundige waard. De keazen flagge foldocht oan de easken dy't de Hege Ried fan Adel oan de gemeentelike flagge stelt.

Flagge fan Krimpenerwaard

It ûntwerp fan Hillegonda Rikkoert út Schoonhoven waard troch de sjuery ûnder lieding fan ald-boargemaster Th. Bakkers keazens as winner. It is basearre op de kleuren en symboalen út it gemeentelike wapen. Dy binne basearre op de alde symbolyk fan de eardere gemeenten Bergambacht, Nederlek, Ouderkerk, Schoonhoven en Vlist.

Besibbe symboal

bewurkje seksje