Flagge fan Moarre
De flagge fan Moarre is de flagge fan it doarp Moarre, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Flechtskean ferdield fan giel en blau, yn it giel in blauwe ôfskuorde earnskop.
De kleuren komme út it wapen fan Moarre.
Symbolyk
bewurkje seksje- Earnskop: oernommen út it wapen fan de famylje Van Heemstra dy't westlik fan it doarp in state bewenne. Ek is de earn in symboal foar Jehannes de Evangelist, de patroanhillige fan de Sint-Jehannestsjerke fan Moarre.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan de famylje Van Heemstra.
-
It wapen fan de famylje Van Heemstra.