Flagge fan Rinsumageast
De flagge fan Rinsumageast is de flagge fan it doarp Rinsumageast, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1987 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge:
Fjouwerdield oer it krús fan de flagge yn giel en read, mei op it krús in iepene stins mei fjouwer finsters fan it iene yn it oare; de broek-, boppe- en ûnderkant mei in griene râne fan 1/10 fan de flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Rinsumageast.
Symbolyk
bewurkje seksje- Gouden fjild: stiet foar de sângrûn út de plaknamme. "Geast" betsjut eins hege sângrûn.
- Stins: ferwize nei de fjouwer staten dy't it doarp eartiids ryk wie. Dat wiene: Eysingastate, Juwsmastate, Melkemastate en Tjaardastate.