Flagge fan Snits
De Flagge fan Snits is de flagge fan de stêd Snits en de krektlyk neamde eardere gemeente Snits.
De Snitser flagge bestiet út twa likense fertikale banen yn swart en (goud)giel. Hjirby wurdt it swarte diel oan de broekside fierd. De kleuren fan de flagge komme út it Wapen fan Snits en steane foar gefaar en krêft (swart) en wiisheid en rykdom (goudgiel). De lingte en breedte fan de flagge ferhâlde har as 2:3.
De histoarje fan de Snitser flagge is net wis; it is net bekend wannear't dy krekt foar it earst fierd waard.
It ûntwerp en brûken fan de flagge is offisjeel fêstlein yn in bûtengewoane riedsgearkomst fan de Snitser gemeenterie op 13 septimber 1956, by gelegenheid fan de 500e jierdei fan it te boek stellen fan de Snitser stedsrjochten.
Tsjintwurdich brûken
bewurkje seksjeDe Flagge fan Snits wurdt troch de ynwenners fan de stêd noch altiten in soad brûkt. Sa hinget dy faak oan gevels fan wenningen, mar ek wichtige gebouwen flagje der mei. Sa wurdt de flagge ûnder mear fierd troch meardere gemeentlike en ryksgebouwen, yn de Snitswike, op Hurdsyldei en op 15 april (befrijingsdei fan Snits yn 1945), bygelyks op de Grutte of Martinytsjerke en it Stedhûs fan Snits. It hisen fan de flagge is in wichtich part fan de offisjele iepening fan de Snitswike.
-
Grutte of Martinytsjerke mei de Flagge fan Snits (2011).
-
Stedhûs fan Snits mei de Flagge fan Snits (2011).
Oflaat
bewurkje seksjeIn soad ferienings en ynstânsjes hawwe harren kleurstelling en logo ôflaat fan de Flagge fan Snits. Hjirûnder sitte bygelyks de fuotbalferiening Snits Wyt Swart, de Keninklike Wettersportferiening Snits, de Flitsclub Snits en Snits Promotion.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|