Flagge fan Surhústerfean
De flagge fan Surhústerfean is de flagge fan de flekke Surhústerfean, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1987 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
In reade hijs mei in lingte fan 1/3 flaggehichte; yn de hijstop in giele klaver; de flecht fan trije like heege banen giel-blau-giel mei yn de giele banen elk oan de hijskant in swarte turf.
De kleuren komme út it wapen fan Surhústerfean.
Symbolyk
bewurkje seksje- Gouden banen: ferwize nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Blauwe baan: ferwiist nei de Feanster Feart, in feart dy troch it doarp rûn en belangryk wie foar de ôffoer fan winne turf.
- Turfen: it doarp ûntstie as in feankoloanje yn de 16e iuw.
- Klaver: ferwiist nei de gêslannen súdlik fan it plak.