Flagge fan Tytsjerksteradiel
De flagge fan Tytsjerksteradiel is de flagge fan de gemeente Tytsjerksteradiel, yn it noardeasten fan de provinsje Fryslân. De flagge is op 22 novimber 1984 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Gearre yn acht flakken fan read-wyt, mei op it wyt in ikeblêd fan grien, de stâle nei it midden rjochte, op it midden in wapenskyld mei in blau fjild, wêrop yn giel in hoarn mei draachbân.
De neamde symboalen, it skyld en de kleuren komme út it wapen fan Tytsjerksteradiel.
Eardere flagge
bewurkje seksje-
Flagge fan Tytsjerksteradiel (1956-1984)
Skiednis
bewurkje seksjeBoargemaster Walle Melis Oppedijk fan Veen hie Gerlof Bontekoe opdracht jûn om in flagge te ûntwerpen. Nei ynsending fûn riedslid Kuipers de flagge keal en hie it wapen der graach op wollen. Riedslid Koopmans fûn de flagge te drok. Uteinlik wist de ried sich ter ferienigjen en waard it ûntwerp foar goedkarring nei de Hege Ried fan Adel stjoert. Dizze flagge wie op 6 july 1956 by riedsbeslút fêststeld.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
In flagge, mei de lingte oant de hichte as 3:2. De flagge fertoant sawol ûnder as boppe in wite baan mei in breedte fan 1/3 diel fan de flaggehichte. It oerbliuwende middelste tredde diel is ferdield yn 5 banen fan de selde breedte, om en om read en wyt. Op 1/3 fan de lingte, mjitten fanôf de broekside, is oer alles hinne in swarte jachthoarn oanbrocht, foarsjoen fan in giel beslach mei koard fan de selde kleur.
De hoarn is keazen om't dy yn it fjirde kertier fan it wapen fan Tytjserksteradiel foarkaam.
Doarpsflaggen
bewurkje seksjeTagelyk mei de fêststelling fan de hjoeddeiske gemeenteflagge is foar alle 16 doarpen yn de gemeente in flagge fêststeld. Dizze flaggen binne ûntwurpen troch Piet Bultsma.