Flagge fan Wyns
De flagge fan Wyns is de flagge fan it doarp Wyns, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn 1984 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Fiif hichtebanen fan read-wyt-blau-wyt-read, ferhâlding 2:1:2:1:2; op it krús in giele njoggenpuntige stjer fan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Wyns.
Symbolyk
bewurkje seksje- Reade en wite banen: basearre op it wapen fan Eastergoa. Wyns wie haadplak fan it distrikt Winninghe, dy't likernôch gearfoal mei Eastergoa.
- Blauwe baan: ferwiist nei de Dokkumer Ie dêr't it doarp oan leit.
- Njoggenpuntige stjer: de njoggen punten stie foar de njoggen ôffurdigjen fan Winninghe.