Marinefleankamp Falkenburch

(Trochferwiisd fan Fleanbasis Valkenburg)

Marinefleankamp Falkenburch (Nederlânsk: Vliegkamp Valkenburg) (IATA: LID, ICAO: EHVB) is in earder fleankamp justjes suden fan Falkenburch (Súd-Hollân), gemeente Katwyk. It fleankamp waard oant 2006 brûkt troch de Marineloftfearttsjinst as basis foar de Lockheed P-3 Orion-fleantugen. De Orions waarden oan 'e Dútske marineloftmacht en Portegeeske loftmachtferkocht, itjinge late ta it sluten fan de fleanbasis.

Marinefleankamp Falkenburch
Vliegkamp Valkenburg
Fleankamp Falkenburch
Fleankamp Falkenburch
IATA: LID ICAO: EHVB
Algemien
Oprjochte april 1939
Type sletten
Eigener Keninklike Marine
Lokaasje Falkenburch (Súd-Hollân)
Hichte 0 m
52° 10' 10" NB, 4° 25' 27" EL
Webside www.luchtsportvalkenburg.nl
Startbanen
   Baan      Lingte   Materiaal
05-23 2440 m asfalt/beton
16-34 1550 m asfalt/beton
Kaart
Marinefleankamp Falkenburch (Súd-Hollân)
Marinefleankamp Falkenburch

Hoewol't it fleanfjild offisjeel sletten is, wurdt it noch in bytsje brûkt foar spesjale eveneminten en troch sweef- en modelfleantugen, meast fan 'e pleatslike fleanklub Aeroclub Valkenburg. Op it stuit binne der plannen en ornearje it gebiet foar wentebou, mar in part fan it fleanfjild kin brûkt wurden bliuwe foar sweeffleantugen.

Mei de bou fan 'e loftmachtbasis waard yn 1939 úteinset, dochs waard net dienmakke foar it begjin fan 'e Twadde Wrâldkriich. Fjochterijen om it fleanfjild by de Slach om Nederlân laten ta grutte ferliezen oan beide kanten. Nei't Dútslân Nederlân besette, foltôgen Dútske militêren de bou fan de fleanbasis foar eigen gebrûk en neamden it Fliegerhorst Katwijk. It waard oant 1943 troch de Luftwaffe brûkt, doe't it omboud waard ta in lokfleanfjild.

Op 25 oktober 1941 wie it fleanfjild dêr't Franz von Werra, bekend as "dy iene dy't ûntkaam" - de iennige finzen militêre piloat dy't út finzenskip yn Kanada ûntsnapte en weromkearde nei it fleanen foar de Luftwaffe, foar syn lêste flecht ôfsette, dêr't er net fan weromkearde.

Nei de kriich tsjinne it fleanfjild foar in koart skoftke foar de loftferfierôfdieling fan de Keninklike Loftmacht, mar yn 1947 krige de Keninklike Marine de kontrôle oer it fleanfjild. Nei't fleanfjild Ypenburg yn 1992 sletten waard, ferhuzen der in soad VIP-flechten foar de oerheid en it Keninklik Hûs nei Falkenburch. De fleanbasis sleat yn 2006 nei de ferkeap fan de Lockheed P-3 Orion-fleantugen fan de marine. De eardere fleanbasis wurdt noch hieltyd brûkt foar beheinde algemiene loftfeart, benammen troch de pleatslike Aeroclub Valkenburg. Nei ferwachting sil it gebiet ûntjoen wurde foar wentebou. Ien fan 'e hangars waard omboud ta teäter en wurdt brûkt foar it útfieren fan de musical Soldaat van Oranje.

Yn maart 2014 waard Falkenburch brûkt as thúsbasis foar plysje- en militêre helikopters foar it befeligjen by de Núkleêre Feiligenstop fan dat jier. It leger stasjonearre dêrfoar de Eurocopter Cougar, AH-64 Apache en CH-47 Chinook-helikopters op de eardere fleanbasis. Foar ekstra loftôfwar waard ek it NASAMS-systeem ynset. Ta stipe fan de operaasje waard tydlike brânstof- en munysje-opslach kreëarre en in tydlike ferkearstoer ynrjochte.

Yn jannewaris 2018 kundige yngenieur Henk Hesselink oan dat er fan doel is en brûk de fleanbasis foar it lansearjen fan drones mei help fan in sirkelfoarmige lâningsbaan.[1]

Yn 2021 waard de loftfeartregeling fan it fleanfjild troch de provinsje Súd-Hollân formeel opheft.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen , sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Valkenburg Naval Air Base fan Wikimedia Commons.