Spanwiidte

(Trochferwiisd fan Flecht (wjukken))

De spanwiidte of wjukspanne, ek wol de flecht neamd, is de ôfstân fan 'e iene wjukpunt nei de oare, by in sitewaasje wêrby't de wjukken folslein spraat binne. Yn 'e soölogy wurdt dit begryp brûkt foar it opmjitten fan 'e grutte fan fûgels, flearmûzen en wjukte ynsekten. Yn 'e paleöntology wurdt der gebrûk fan makke foar it opmjitten fan pterosauriërs. En yn 'e technyk wurdt itselde begryp brûkt foar it opmjitten fan fleanmasines. By moles is de spanwiidte de lingte fan 'e roede. By minsken sprekt men soms ek fan spanwiidte as synonym foar earmspanne, de ôfstân fan 'e fingertoppen fan 'e iene hân nei dy fan 'e oare, as de earms sydling útstutsen binne.

De spanwiidte is de ôfstân tusken de bei-de úteinen fan 'e wjukken (punt A en punt B).
It toanen fan 'e spanwiidte fan in sniegier (Gyps himalayensis), sketten by in ekspedysje yn Tibet yn 1938.

Grutste en lytste spanwiidten

bewurkje seksje

Grutste spanwiidten

bewurkje seksje
fleanmasine: Scaled Composites Stratolaunch – 117 m
fûgel: wandering albatross (Diomeda exulans) – 3.63 m
fûgel (útstoarn): Argentavis – 7 m
flearmûs: kalong (Pteropus vampyrus) – 1.50 m
reptyl (útstoarn): Quetzalcoatlus (in pterosauriër) – 10-11 m
ynsekt: grutte ûlemot (Thysania agrippina) – 28 sm
ynsekt (útstoarn): Meganeuropsis (in sibbe fan 'e libellen) – 71 sm

Lytste spanwiidten

bewurkje seksje
dûbeldekker: Star Bumble Bee II – 1.68 m
propellorfleanmasine: Colomban Cri-cri – 4.90 m
strielfleanmasine: Bede Bd-5 – 4.27 m
fûgel: bijkolibry (Mellisuga helenae) – 6,5 sm
flearmûs: holderflearmûs of Kitti's bargesnútflearmûs (Craseonycteris thonglongyai) – 16 sm
ynsekt: kikiky (Kikiki huna) – 0,15 mm

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.