Flensborg Avis is in Deensk- en Dútsktalige krante dy't ferskynt yn Súd-Sleeswyk en it haadkantoar hat yn Flensburg (Deensk: Flensborg). De doelgroep is de Deenske minderheid besuden de grins- en yn Súd-Sleeswyk wenjend yn Denemark. De krante ferskynt seis kear wyks mei in oplage fan ± 5800. Op tongersdei is der in oplage fan ± 15.000. Lokale redaksjes sitte yn de stêd Schleswig (Slesvig), Hüsem (Husum) en Niebüll (Nibøl). Flensborg Avis is de ienige Deenske krante yn Dútslân.

It logo fan Flensborg Avis
Kantoar Flensborg Avis

De Flensburger krante waard oprjochte op 1 oktober 1869 troch Gustav Johannsen, dy't oant 1883 haadredakteur wie. Sûnt 1986 ferskynt de Flensburger krante mei in oantal Dútsktalige siden. In protte Noard-Friezen lêze de krante Flensborg Avis. Dy krante ferskynt yn de talen Deensk en Dútsk, mei hiel út en troch ris in stikje yn it Noard-Frysk. Meastal stiet dêr dan de Dútske oersetting noch njonken.

Fryske side yn Flensborg Avis

bewurkje seksje

Dat der hast gjin Frysk yn de krante stie, wie benammen in soad belutsen Noard-Friezen in stikel yn ‘e foet. Dat gou ek foar de Friisk Foriining, in organisaasje dy’t opkomt foar de Fryskpraters yn Noard-Fryslân.

De Friisk Foriining is in grutte klant fan de Flensborg Avis en stjoert alle wiken in eksimplaar fan de krante oan syn leden ta. De organisaasje hie him in pear kear by de Flensborg Avis beklage oer it oanpart Frysk. It resultaat is dat Noard-Friezen no fjouwer kear yn it jier in kranteside folje meie mei Frysk nijs. De side kriget nei alle gedachten de namme Üüsen äine wäi (ús eigen wei). In earder tydskrift fan de Friisk Foriining hie dy namme ek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: