De flinterstrûk (Buddleja davidii) is in soarte út it skaai fan 'e flinterstrûken (Buddleja), de famylje fan 'e helmkrûden (Scrophulariaceae) en it skift fan 'e lippeblomeftigen (Lamiales). Dizze soarte is bekend as túnplant. Yn Jeropa is de soart foaral as túnplant yn gebrûk, mar de plant komt ek ferwyldere foar. De strûk kin wol wat mar net in soad strange foarst ferneare, by om-en-de-by -15 graden Celsius giet de plant dea.

flinterstrûk
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift lippeblomeftigen (Lamiales)
famylje helmkrûden (Scrophulariaceae)
skaai flinterstrûken (Buddleja)
soarte
Buddleja davidii
Franchet, 1887

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Buddleja davidii – foto, fideo en harktriemmen