Floriaantsjerke (Burhafe)

De Floriaantsjerke (Dútsk: St.-Florian-Kirche) is in luthersk tsjerkegebou yn Burhafe, in doarp yn 'e lânkring Wittmund yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente falt ûnder de tsjerkekring Harlingerland.

Floriaantsjerke
St.-Florian-Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Wittmund
plak Burhafe
koördinaten 53°34' N 7°49' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Florianus fan Lorch
Arsjitektuer
boujier toer: 15e iuw (?)
tsjerke: 19e iuw
boustyl klassisisme
monumintale status kultuermonumint
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Floriaantsjerke (East-Fryslân)
Floriaantsjerke

Sûnt de 11e iuw bestie der in houten tsjerke op 'e terp fan Burhafe, dy't yn 'e 12e troch in gebou fan dowestien ferfongen waard. Fan dat gebou waarden de resten brûkt as fûnemint foar in yn 'e 13e iuw boude bakstiennen tsjerke mei trije ferwulften. Doe't dy tsjerke yn 'e 19e iuw drige yn te stoarten folge de nijbou fan 'e hjoeddeiske klassistyske sealtsjerke.

De frijsteande klokketoer mei as wynwizer de lutherske swan waard nei alle gedachten yn 'e 15e iuw boud.

 
Oargel

De tsjerke wurdt mei in houten plafond oerkape. It meubilêr is foar in part ôfkomstich út de yn 'e 19e iuw ôfbrutsen foargonger. Yn 'e Floriaantsjerke stiet in mei wapens fersierd barok doopfont út 1657 en in alteropset út 1744.

De East-Fryske oargelbouwer Johann Gottfried Rohlfs boude yn 1794 syn earste oargel yn 'e tsjerke fan Burhafe. It wie in ynstrumint mei tsien registers ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 'e jierren 1904-1905 waard it ynstrumint troch Johann Martin Schmid feroare. Fan it âlde Rohlfs-oargel binne doe in pear registers oernommen. Fan 2008 oant 2009 folge in grutte restauraasje. By dy restauraasje is it oargel wer nei de oarspronklike steat fan 1794 werom brocht. It pedaalregister Subbass fan 1905 fan Harm Dieder Kirschner bleau by de rekonstruksje fan it oargel bewarre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.