Florian Biesik (Wilamowice, 1849 - Triëst, 1926) wie in Eastenryksk-Hongaarsk postamtner en dichter dy't in literêre standert foar it Wilamowytsersk makke hat. Hy hat besocht sjen te litten dat dy taal net fan Dútske oarsprong wie, mar faaks fan it Nederlânsk, Frysk of it Angelsaksysk ôflaat wie.

Florian Biesik

Hy waard nei de Adriatyske havenstêd Triëst útstjoerd, dêr't er it grutste part fan syn wurksum libben direkteur fan it pleatslik postkantoar wie. Nei syn pinsjoenearring ferhuze er nei it doarp Nabrežina by it kustplak Duino (provinsje Triëst), dêr't er faak tahâlde yn de kultuerele rûnten fan de Sloveenske mienskip.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://archiviostorico.corriere.it/2009/giugno/28/frontiera_dove_nasce_poesia_co_9_090628038.shtml