Wilamowice
Wilamowice is in stêd yn it Poalske woiwodschap Sileezje, lizzend yn de powiat Bielsky yn de gemeente (Gmina) Wilamowice. It oerflak beslacht 10,41 km², it ynwennertal wie 3044 yn 2014.
Wilamowice | ||
Bestjoer | ||
Lân | Poalen | |
Woiwodskip | Sileezje | |
Powiat | Bielsky | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3044 (2014) | |
Oerflak | 10,41 km² | |
Befolkingsticht. | 30 | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan de gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak waard foar it earst neamd yn 1325 as Novovilamowicz. De stêd waard stichte en befolke in de rin fan de jierren fan de Dútske Ostsiedlung. De emigranten kamen út Flaanderen, Fryslân, Hollân en Skotlân. Sûnt de 15e iuw wie plak bekend ûnder twa Dútske nammen : Wilmeshau Wilmesdorf. De plaknamme is noch faak feroare, mar ein 18e iuw wie it meast Wilmesau. Mei troch endogamy en it geografysk isolemint fan stêd yn de Poalsktalige krite Bielsko-Biala ûntjoech him der in pleatslik dúdlik ûnderskaat dialekt, dat oant de Twadde Wrâldkriich deistich brûkt waard.
Nei de oarloch moasten benei alle Dútskers de krite ferlitte en waard it plak werneamd ta Wilamowice. De ynwenners fan Wilmesau / Wilamowice waard troch it Poalsk regear tastien om te bliuwen meidat hja net fan Dútsk komôf wiene. Nettsjinsteane dat de pleatslike taal ferbean waard yn it ramt fan taalkundige ferpoalsking oant 1956,[1] wurdt noch hieltyd in foarm fan Dútsk-Nederlânsk sprutsen, te witten it Wilamowytsersk, al stiet it op it punt fan útstjerren.
Ferneamde lju út Wilamowice
bewurkje seksje- Józef Bilczewski (1860–1923) - aartsbiskop fan Lwów
- Florian Biesik (1849–1926) - skriuwer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|