Foarâldenproef
Under it nazi-bewâld fan it Tredde Ryk waarden foarâldeproeven (Ahnenprobe) dien om fêst te stellen foar hoefier't immen ta it "Aryske ras" hearde en by hokker subtype dêrfan, of ta in "minderweardiger ras" as it "Slavyske ras", it "negroïde ras" of it "mongoloïde ras, of ta de "rassen dy't útrûge wurde moasten" "sigeuners" en "Joaden" hearde. Yn de Neurenberger Rassewetten wie sekuer fêstlein hokker rjochten by in beskaat ras hearden. Sa'n bepaling barde middels de befolkingsregisters, mar yn de praktyk waard ek wol selektearre op úterlike skaaimerken, geroften en hâlden en dragen.
In "ferminging" yn de fjirde graad (1/4) mei ien fan de twa as meast minderweardige oantsjutte rassen late fan 1939 ôf oan (nei de Kristallnacht) fansels ta in foarseleksje om ôffierd te wurden nei in konsintraasje- as (fan 1941 ôf) nei in ferneatigingskamp.