Fokkegrêft
De Fokkegrêft is in wetter yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint fan de N354 (fan Spannenburch nei Kûfurderrige) yn eastlike rjochting nei de Kûfurd.
De namme Fokkegrêft jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Fokkegracht.