Fokker Services is in Nederlânsk ûnderhâldsbedriuw foar fleanmasines mei de haadsit yn Hoofddorp (Noard-Hollân) en festigingen op Skiphol, Woensdrecht, yn de Feriene Steaten en Singapore. It bedriuw fersoarget ûnderhâld, modifikaasje en reparaasje fan Boeing-,[1] Embraer-[2] en Fokker-tastellen. Njonken dat docht Fokker Services ek it ûnderhâld fan de F-16 jachtfleantugen fan de Deenske, Noarske en Nederlânske Loftmacht.

It bedriuw ûntstie ûnder de fallissemintsproseduere fan Fokker en waard yn july 1996 troch Stork oernommen. Sûnt is it bedriuw part fan Fokker Technologies.

Yn 2005 krige Fokker Services de Aerospace Industry Award takend foar syn Future programma.[3] Yn 2007 naam it bedriuw it Amerikaanske Aerotron AirPower oer.[4]

Yn 2021 naam Panta Holdings de ûnderhâldsbedriuwen fan Fokker Technologies/GKN Aerospace oer. Fokker Services en Fokker Techniek bleaune juridysk aparte bedriuwen, mar waarden as in inkeld merk yn 2022 omdoopt ta Fokker Services Group. Panta Holding eigener Jaap Rosen Jacobsen wie earder yn besit fan it Belgyske VLM Airlines en besocht ûnder de namme Rekkof, no Fokker Next Gen, in fernijde Fokker 100 te meitsjen. De holding besiet fan 2005 oant 2014 Denim Air, en hie oant yn 2022 in mearderheidsbelang yn it Kanadeeske Avcorp Industries dat fleantúchkomponinten fabrisearret en reparearret. [5] [6]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: