Follybal is ien fan de sporten dy't beoefene waard by de Olympyske Simmerspullen 1988 yn Seoul.
Foar de follybalsport waard útkaam yn ien dissipline: it sealfollybal. By dy Olympyske Spullen wie der in toernoai foar manlju en froulju. De wedstriden setten op 17 septimber útein en einigen op 2 oktober. De wedstriden waarden spile yn it Hanyang University Gymnasium, yn de Saemaul Sport Hal en yn it 'Jamsil Students' Gymnasium yn it sportkompleks fan Seoul.
De nûmers ien en twa fan eltse groep giene nei de heale finales. De lêste twa fan eltse groep spilen om plak njoggen oant en mei tolve. De nûmers trije en fjouwer fan eltse groep spilen om de plakken fiif oant en mei acht.
By de manlju waard de Feriene Steaten foar de twadde kear op rige Olympysk kampioen troch Sowjetuny yn de finale mei 3-1 te ferslaan. Argentynje krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Brazylje mei 3-2.
Yn groep A gie de Sowjetuny as earste troch nei de heale finales en Brazylje gie as twadde nei de heale finales. Yn groep B gie de Feriene Steaten as earste troch nei de heale finales en gie Argentynje as twadde nei de heale finales. Nederlân waard fjirde yn groep B en spile dêrom om de plakken fiif oant en mei acht.
De nûmers ien en twa fan eltse groep giene nei de heale finales. De nûmers trije en fjouwer fan eltse groep spilen om de plakken fiif oant en mei acht.
By de froulju waard de Sowjetuny Olympysk kampioen troch Perû yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Sina krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Japan mei 3-0.
Yn groep A gie de Sowjetuny as earste troch nei de heale finales en Japan gie as twadde nei de heale finales. Yn groep B gie Perû as earste troch nei de heale finales en gie Sina as twadde nei de heale finales.