Fortuna (Noardhorn)

De Fortuna is in nôt- en pelmûne yn Noardhorn yn de provinsje Grinslân.

Fortuna
bouwurk
Noardhorn - nôtmûne Fortuna.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Noardhorn
adres Schippersstraat 2A
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1899
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 41090 [1]
offisjele webside
Side fan de Fortuna

De oarspronklike mûne op it hjoeddeiske plak waard likernôch om 1800 hinne boud. Nei't dy mûne yn 1890 ôfbaarnde, waard de tsjintwurdige mûne boud mei ûnderdielen fan in ôfbrutsen mûne út Grypskerk. Dy mûne, 'de Vrouwe Ida', wie boud yn 1856.

De wjukken hawwe in flecht fan 21 meter. De wjukken hawwe selsswichting hân, mar sûnt de jierren 1970 hawwe de wjukken sylhekwurk en nei de grutte restauraasje fan 1983 bleau dat sa.

Frijwillige mûnders soargje der foar dat de mûne regelmjittich wurket.

NammeBewurkje

By in restauraasje yn 'e jierren 1950 krige de mûne de namme 'De Specht'. Dat wie de mûnder min nei't sin, dy't as namme 'De Fortuin' yn 'e holle hie. De skilder brocht lykwols yn 1961 by fersin de namme 'Fortuna' oan. Op 'e nij wie de mûnder lilk en de namme waard wer feroare yn 'Fortuin'. Sûnt 2009 waard it wer 'Fortuna' en is de namme 'Fortuin' wer fan de mûne ferwidere.[2][3]

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: