Frédéric Mistral
Frédéric Mistral (Maillane, 8 septimber 1830 - dêre, 25 maart 1914) wie in Frânsk skriuwer en winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1904, tegearre mei de Spaanske toanielskriuwer José Echegaray. Hy waard foaral bekend as pleiter foar- en ferdigener fan it Oksitaansk, in taal dy't yn Súd-Frankryk sprutsen wurdt.
Yn 1854 heart er ta de oprjochters fan de "Félibrige", in feriening fan skriuwers en dichters mei as doel it befoarderjen fan it Oksitaansk en de Provênsaalske kulturele identiteit. Syn freon Alphonse Daudet giet ek by dit genoatskip. It genoatskip bout netwurken mei skriuwers fan oare Europeeske regionale talen, fral it Katalaansk, dêr't it Oksitaansk nau mei besibbe is. It Oksitaansk makket ferfolgens in lytse renêssânse troch oant Frankryk de Frânsk-Dútske kriich ferlear en der nei de Kommune fan Parys ûnder de sterk sintralisearre Tredde Republyk gjin plak mear is foar regionale útsûnderings en Frânsk de noarm wurdt.
Wurk
bewurkje seksjeGedicht:
- Mireio, 1859
Dichtbondels
bewurkje seksje- Calendau, 1867
- Lis isclo d'or (De gouden eilannen), 1875
- Nerto, 1885
- La Rèina Jano, 1890
- Lou pouémo dóu Rose (It liet fan de Rhône), 1897
Wurdboek fan it Oksitaansk
bewurkje seksje- Lou tresor dou Félibrige, 1878
Opera
bewurkje seksje"Mireille" fan Charles Gounod is basearre op Mireio.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frédéric Mistral fan Wikimedia Commons. |