Franciscus Hessel
Franciscus Hessel (Maastricht, 7 jannewaris 1793 - It Hearrenfean, 2 maart 1862 ) wie in drukker en útjouwer op It Hearrenfean.
Yn 1814 fêstige hy op It Hearrenfean in boek- en papierhannel. Al gau waard hy drukker en útjouwer. Yn 1829 ferskynde it earste nûmer fan it 'Nieuws- en advertentieblad voor het arrondissement Heerenveen', it earste sadanige periodyk dêr. Al yn 1817 ferskynde 'Geographische Beschrijving der 31 Friesche Grietenijen'. De saak is oan de eastside fan de Dracht begûn, letter oan de oare kant fuorsetten, dêr't boekhannel Binnert Overdiep siet. De Erven Hessel hawwe yn 1897 de saak ferkocht. Franciscus Hessel hat lid west fan it Boargerlik Earmbestjoer fan de eardere gemeente Skoatterlân.
Nei Franciscus Hessel is de yn 1958/1959 oanleine Hesselstrjitte op It Hearrenfean neamd. Dizze wei rint fan de Surinamesingel mei de Van Dapperenstrjitte.