Frans Coenen (musikus)
Franciscus Hendrikus Coenen (Rotterdam, 26 april 1826 - Leien, 24 jannewaris 1904), bekend as Frans Coenen (senior), wie in Nederlânsk komponist, fioelist en konservatoariumdirekteur. De skriuwer Frans Coenen (junior) (1866-1936) wie syn twadde soan (en tredde bern).
Libben en wurk
bewurkje seksjeFrans Coenen krige syn earste muzykûnderrjocht fan syn heit Louis, dy't oargelist fan de Rotterdamske Grutte of Sint-Laurenstsjerke en teffens fioelbouwer wie. Tolve jier âld makke Frans syn debút as fioelist en twa jier letter waard syn earste komposysje utfierd, in mis dy't dêrnei noch faker te hearren wie yn it iepenbier. Hy studearre yn Stuttgart by Bernhardt Molique en yn Brussel by Henri Vieuxtemps en festige him yn 1843 as selsstannich muzyklearaar yn Rotterdam. Aas fioelist makke er mei de pianisten Henri Herz en Ernst Lübeck in tal súksesfolle konsertreizen troch de FSA, Meksiko en Súd-Amearika. Yn 1855, it jier dat er boaske oan Anna Maria van El, festige er him yn Amsterdam en waard dêr konsertmaster fan ûnder oare Felix Meritis, de Maatskippij 'Caecilia' en 'Toonkunst'. Dêrneist spile er in protte keamermuzyk, ûnder mear yn de Amsterdamsche Quartetvereeniging, dêr't er Johannes van Bree as earste fioelist opfolge hie.
Fan 1877 ôf rjochte er him fral op muzykûnderwiis, nei't er direkteur wurden wie fan de Muzykskoalle fan Toankeunst yn Amsterdam. Yn 1884 waard er earste direkteur fan it Konservatoarium fan Amsterdam, dat er yn dat jier yn 'e mande mei Daniël de Lange, Julius Röntgen en Johannes Messchaert oprjochte hie.
Fan syn santichste oant syn dea wie Coenen in protte op himsels. Hy hie doe de earetitel fan Solofioelist fan kening Willem III en wie earelid fan de Maatskippij ta Befoardering fan de Toankeunst. Op syn grêf op it begraafplak Groenesteeg yn Leien waard yn 1905 as monumint in lytse obelisk set, makke troch de byldhouwster Thérèse van Hall.
Wurken
bewurkje seksjeFrans Coenen komponearre in protte foar fioele (ûnder oare in sonate), in kwintet foar piano, fluit, klarinet, fagot en hoarn, in strykkwartet, in pianotrio, de kantates Albrecht Beiling (op tekst fan J.P. Heije) en De Stem der Zee, in arioso Elia op Horeb, Maria Magdalena foar sjongstim en ferskaat oan koarwurken, ûnder oare de boppeneamde Mis, Psalm 22 en Psalm 23.
In liet dêr't er de myziek foar skreau ('In het groene loover zit een vogelijn', tekst: J.P. Heije) waard opnaam yn de tige populêre lietebondel Kun je nog zingen, zing dan mee.