Frâns fan Eysinga (1545-1603)

(Trochferwiisd fan Frans fan Eysinga (1545))

Frans fan Eysinga, (± 1545 - Wurdum, 16 maaie 1603), wie jurist.

Frâns wie de soan fan Aede en fan Tiedt Juckema. Jurist fan namme en hearde lykas syn bruorren ta it Ferbûn fan Eallju. Yn 1567 flechte hy; waard yndage en it jier dêrop band. Yn 1578 waard hy riedshear yn it Hof fan Fryslân, yn 1602 presidearjende ried. Yn 1582 trede hy neist de destiidske foarsitter fan it hof, Hessel Aysma, as bemiddeler op tusken de stêden en de trije kertieren Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden.

Frans fan Eysinga troude trije kear: earst mei Lisck fan Jousma († Wurdum 1564); doe mei Lisck fan Waltinga († yn april 1582) en dêrnei mei Riem fan Galama (1535-1625). Ut it earste houlik kamen Aede en Juw (of Julius).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • G. de Wal - Oratio de claris Frisiae J.Ctis, ann. 13, 14;'
  • J. Sickenga - Het Hof van Friesland ged. de 17e eeuw, (Leien, 1869) 157
  • Jierboek Nederlânske Adel III, 55 v