Fransiskanertsjerke (Famagusta)
De Fransiskanertsjerke is in tsjerkeruïne fan it Fransiskaanske kleaster, dat ea yn Famagusta op Syprus stie. De tsjerke wie oan Fransiskus fan Assisi wijd en de ruïne stiet tichteby de eardere Sint-Nikolaaskatedraal.
Fransiskanertsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Famagusta | |
adres | Namık Kemal Sk | |
koördinaten | 35° 07 N, 33° 56 'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Fransiskus fan Assisi | |
status | ruïne | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1284-1324 | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Fransiskanen wiene ien fan 'e âldste en belangrykste kleasteroarders fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op Syprus. Hja hiene nei alle gedachten al in kleaster yn 1230 yn Nikosia. It soe bêst kinne dat Sint-Fransiskus op syn reis nei it Hillige Lân sels noch op Syprus west hat.
De tsjerke waard tusken 1284 en 1324 boud ûnder it bewâld fan it Frankyske hûs Lusignan. De kleastertsjerke stie tichteby de katedraal en njonken it keninklike paleis fan Famagusta. Kening Hindrik II fan Jeruzalim en Syprus liet foar him in aparte gong ta de tsjerke bouwe, om as him dat sa útkaam in besite oan 'e tsjerke te bringen.
Hindrik's opfolger Hugo IV hie mear mei de Dominikanen en dy krigen harren kleaster njonken syn paleis yn Nikosia. Yn Famagusta joech er opdracht om de ferbining nei de Fransiskustsjerke te ferbouwen ta in plak foar it bôgesjitten. Nicholas fan Martoni beskriuwt yn in reisferslach út 1394 dat de tsjerke in hiele moai kleaster, in moaie kleastergong en in prachtige tún hie. Ek beskreau er de grutte ienfâld fan 'e muontsen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Sint-Fransiskus wie in ienskippich gebou fan trije traveeën mei in koarter koertravee, dat trijesidich sletten is. Oan it twadde travee fan it skip waard letter in súdlike sydkapel tafoege, wêrfan't it ferwulft noch bestiet. Net bekend is oft der yn it noarden as pendant ek in sydkapel stien hat. De keunsthistoarikus Camille Enlart woe dêr de kleastergong ha, dêr't fierder neat mear fan bestiet.
Sûnt it Ottomaanske belis fan Famagusta is de Fransiskaner tsjerke in ruïne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|