Fransiskus Elgersma

Fransiskus Elgersma (1627 - Grou, 1712) wie in Fryske grifformearde dûmny.

Fransiskus Elgersma

Hy wie in soan fan Jabik Elgersma. Hy studearre teology yn Frjentsjer. Elgersma stie as predikant yn Aldtsjerk en Readtsjerk (1649-1652), Ljouwert (1652-1667), Aldskoat (1667-1669) en Grou (1669-1712). Hy wie in fûl bestrider fan minnisten. Syn polemyk mei Foeke Floris waard bekend.

Kar-út:

  • Sondekraam ter bekeerde saligheyt van D. van Baerd bezongen
  • Rechtzinnige leer van het sacrament des H. Doops, tegen Mennisten.... met een toegifte van twee kleyne tractaatjes (Ljouwert, 1685)
  • Een bondelke van heilige meditatiën.... (Ljouwert, 1696). De fyfde ‘meditaasjee’ is de preek, yn Ljouwert holden de deis foar de begraffenis fan steedhâlder Willem Freark († 31 oktober 1664).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: