Franz Ziereis
Franz Ziereis (München, 13 augustus 1905 - Gusen, 24 maaie 1945) wie Lagerkommandant ('kampkommandant') fan konsintraasjekamp Mauthausen yn de Twadde Wrâldoarloch.
Frank Ziereis | ||
militêr | ||
SS-Obersturmbannführer Franz Ziereis. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Weimarrepublyk Nazy-Dútslân | |
berne | 13 augustus 1905 | |
berteplak | München | |
stoarn | 24 maaie 1945 | |
stjerplak | Gusen | |
etnisiteit | Beiersk dútser | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1924 - 1936 1936 - 1945 | |
legerûnderdiel | SS-Totenkopfverbände SS-Totenkopf-Standarte 2 "Brandenburg" SS-Totenkopf-Standarte 3 "Thüringen" Buchenwald | |
heechste rang | SS-Standartenführer | |
befel | Kampkommandant Mauthausen | |
konflikt(en) | Twadde Wrâldkriich-Anschluss | |
ûnderskiedings | U.o. Krús foar Oarlochsfertsjinste mei Swurden |
Ziereis waard berne yn Múnchen, dêr't er acht jier nei de legere skoalle gie. Dêrnei waard er learling en boardskipjonge yn in warehûs. Jûns studearre er hannelswittenskip. Yn 1922 gie er oan 't wurk yn in timmerwinkel.
Ziereis tekene yn 1924 as soldaat foar de Reichswehr in kontrakt foar tolve jier en ferliet de Wehrmacht yn 1936 yn de rang fan Feldwebel. Dêrnei waard hy SS-Obersturmführer by de Schutzstaffel (SS). Yn 1938 wie er belutsen by de anneksaasje fan Eastenryk, en yn 1939 krige er it kommando oer Mauthausen. Dêrfoar hie er al in skoft yn Buchenwald west.
Yn 1944 waard Ziereis fanwegen 'bysûndere prestaasjes as Lagercommandant' befoardere ta SS-Standartenführer.
Ziereis flechte mei syn frou 3 maaie 1945, mar waard op 20 maaie by syn jachthutte op 'e berch Pyhrn yn Eastenryk troch Amerikaanske troepen arrestearre. Doe't er besocht út te naaien waard er rekke troch in kûgel. Yn de nacht dêrnei waard Ziereis ûnderfrege en sy ferklearring opskreaun. Koart skoft dêrnei stoar Ziereis oan syn ferwûningen; syn lichem waard troch eardere kampfinzenen oan it stek fan it kamp ophongen.
Militêre karriêre
bewurkje seksje- Soldat: 1924
- Feldwebel: 1936
- SS-Obersturmführer: 1 oktober 1936[1]
- SS-Hauptsturmführer: 12 septimber 1937[1]
- SS-Sturmbannführer: 25 augustus 1939
- SS-Obersturmbannführer: 1 septimber 1941[2]
- SS-Standartenführer: 20 april 1944[3]
Registraasjenûmer
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Franz Ziereis fan Wikimedia Commons. |