Anthony Frederick Augustus Sandys (berne as Antonio Frederic Augustus Sands, Norwich, 1 maaie 1829Londen, 25 juny 1904) wie in Ingelsk skilder, tekener en yllustrator dy't yn de styl fan de Prerafaeliten wurke.

Portret fan Frederick Sandys troch Anthony Sands, 1848

Libben en wurk

bewurkje seksje

Sandys (de 'y' heakke er letter ta) wie de soan fan de skilder Anthony Sands en broer fan Emma Sandys. Al op jonge jierren die syn tekentalint bliken. Doe't er tsien jier wie waard in wurk fan him útstald en op syn santjinde krige er in priis fan de Londenske Society of Arts foar in portret. Hy studearre oan de Norwich School of Design en wist de oandacht te lûken mei in opskuor jaande karikatuer, mei de titel The Nightmare nei it skilderij 'Sir Isumbras at the Ford' fan John Everett Millais. Dêryn bylde er de skilder tegearre mei dy syn kollega Dante Gabriel Rossetti ôf, op de rêch fan in ezel mei letters 'J.R.', in dúdlike ferwizing nei John Ruskin. De 'slachtoffers' namen him dat net kwea ôf: Rossetti en Sandys waarden goefreonen en Sandys wenne goed in jier yn Rossetti's hûs yn Chelsea.[1]

It die bliken dat Sandys in tige bejeftige skilder en tekener wie. Hy wurke tige detaillearre, lykas ek de oare Prerafaeliten diene, en stribbe nei in tige sekuere werjefte fan syn objekten en persoanen neffens de natuer. Hy wurke as yllustrator foar ferskate tydskriften, dêr't 'Once a Week', 'Cornhill Magazine' en 'Good Words' ûnder wiene. Syn namme krige dêrtroch klank en sadwaande wurdt er ek rekkene ta de groep fan 'Illustrators of the 60s'. In protte fan syn wurken waarden brûkt foar it meitsjen fan gravueres. Tema's foar syn skilderijen keas er faal út de mytology en de ferhalen om Kening Arthur hinne. Bekende wurken binne ûnder oaren Cassandra, Morgan le Fay en Medea.[2]

Sandys libbe as in bohemien yn rûnten fan skilders en skriuwers, en wie in frouljusleafhawwer. Hy wie in smoute prater, populêr by syn neisten en by it publyk. Hy wie troud mei Georgiana Creed, mar liet har efter yn Norwich doe't er yn 1851 nei Londen ferfear en kaam net wer by har werom. Hy begûn in ferhâlding mei twa froulju: de aktrise Mary Emma Jones en it Roma-famke Keomi Gray. Mei de lêste hie er fiif jier in relaasje en sy tsjinne faak as model, ûnder oaren foar 'Medea'. By Gray krige er twa dochters en twa soannen. Mary Jones bleau him lykwols trou en sy krigen tsien bern. Sy wiene net offisjeel boaske, mar dochs wie Mary algemien bekend as Mrs. Sandys.

Sandys syn libbensstyl brocht him faker as ien kear jildkrapte en skulden. Hy rekke oan 'e drank en oan it gokken. Freonen holpen him dan troch de tiid mei it lienen fan jild of sy kochten syn wurk. De freonskip mei Rossetti einige doe't dy him beskuldige fan it plagiëren fan syn wurk. [3]

De wegering, om politike redenen sa't it liek, troch de Royal Academy of Arts fan it skilderij 'Medea' makke dat er net safolle mear mei oaljeferve wurkje soe. Hy maake dêrnei in soad portretten in kryt, dy't oars ek bot wurdearre waarden. BY de portrettearden wiere Alfred Tennyson, Robert Browning, Matthew Arnold en James Russell Lowell.

Sandys stoar yn Kensington yn de âldens fan 72 jier.

Tekeningen en yllustraasjes
Skilderijen

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anthony Frederick Augustus Sandys fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.sandys.norfolk.gov.uk/preraph1.htm
  2. http://en.wikipedia.org/wiki/Medea_%28Sandys_painting%29
  3. http://www.sandys.norfolk.gov.uk/fsbiog4.htm