Friesburg, ek Leemburg, is de namme fan in stins dy't by Nijeholtpea stien hat. It gebou hie earst de namme State Lemenburg, mar is letter werneamd ta Friesburg troch Lyckle Eables, de stamheit fan de famylje Lycklama à Nijeholt.

Friesburg yn Nijeholtpea. De tekening is makke troch Jacob Stellingwerf yn 1722.

De stins waard yn 1514 plondere en yn 1515 op Sint Antonius dei, 13 juny, yn de brân stutsen troch de minsken fan Gelre.

Sûnt wannear it gebou net mear bestiet is net wis, nei alle gedachten is dy al foar 1780 ôfbrutsen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje