Lyckle Eables
Lyckle Eables (1 jannewaris 1458 - 1 febrewaris 1537) út Stienwyk is de stamfaar fan de famylje Lycklama à Nijeholt. As biedwurd brûkte er: Deugd allinne.
Biografy
bewurkje seksjeAs grytman fan Stellingwerf (1512), fan Skoatterlân en Weststellingwerf (1517) en erflik fan Weststellingwerf 1524 - 1534 wenne er op de stins Friesburg yn Nijeholtpea. Eables wie Saksysk-Boergondysk gesind. Syn stins waard yn 1514 troch Gelderske troepen belegere en plondere. In jier letter, yn 1515, baarnde de stins op St. Anthoniusdei oan de grûn ta ôf.[1][2] De hartoch fan Saksen hie syn rjochten op Fryslân ûnderwilens op 19 maaie 1515 ferkocht oan de lettere keizer Karel V. De eardere skea fan Eables bleau net ûngemurken. De troch Karel beneamde steedhâlder fan Fryslân, Floris van Egmont, fergoede Eebles syn skea troch him by de splitsing fan Stellingwerven, yn Stellingwerf-Oosteinde (Eaststellingwerf) en Stellingwerf-Westeinde (Weststellingwerf), op 18 febrewaris 1517 te beneamen ta grytman fan de gritenijen Stellingwerf-Westeinde en Skoatterlân. Keizer Karel V beleanne him nochris foar syn ynset, troch him op 11 oktober 1524 ta grytman fan Weststellingwerf te beneamen, in funksje dy 't twa dagen letter op 13 oktober 1524 troch de keizer erflik ferklearre waard.
Hy wie trout met Johanna[3].
Bern
bewurkje seksjeUt syn houlik mei Johanna kamen njoggen bern, dêrfan seis soannen. Yn syn biografy troch L.M.G. Kooperberg yn it Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek wurdt neamd dat er mooglik trije soannen hân hawwe soe. Letter ûndersyk yn de Nederlandse Leeuw, publisearre yn desimber 2017, wiisde út dat Johanna as widdo in hûs ferkeapet yn 1538. Yn de ferkeapakte wurde njoggen bern by namme neamd. De âldste soan, Lubbert, waard grytman nei Lyckle.
Sjoch ek
bewurkje seksje- List fan grytmannen fan Weststellingwerf
- List fan grytmannen fan Eaststellingwerf
- List fan grytmannen fan Skoatterlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|