Friesenwall (muorre)

muorre

In Friesenwall (meartal: Friesenwälle) is in type muorre fan grûn en stien dy't tsjintwurdich benammen yn Noard-Fryslân te finen is.

In Friesenwall by Oldenswort, Noard-Fryslân.

It is in soarte fan steapelmuorre, dy't bestiet út in laach grûn dy't mei grutte balstiennen ôfmakke wurdt. De muorre is oer it algemien sa'n tachtich sintimeter heech. By in echte Friesenwall wurdt gjin semint brûkt om de stiennen fêst te meitsjen. Dit bart troch it stevich oandrukken fan de stiennen yn de grûn.

Yn de Midsiuwen ûntstie de Friesenwall yn it hiele machtsgebiet fan de Friezen. Mei't dat in sompich gebiet wie dêr't gjin stiengatten te finen wiene, en dêr't ek te min hout wie foar it bouwen fan stekken of oare houten ôffredings, wie men oanwiisd op it steapeljen fan balstiennen dy't by it bewurkjen fan it lân yn 'e ikkers fûn waarden.