Frislân
Frislân, ek wol Frischlân, Fryslân, Freezelân, Frislandia of Fixlân neamd, is de namme fan in mytysk eilân dat neffens tal fan kaarten út de 16e en 17e iuw yn de Atlantyske Oseaan lei. De namme fan it eilân moat net trochinoar helle wurde mei de Nederlânske provinsje Fryslân.
Hoewol't it eilân ek al op inkele eardere kaarten foarkomt, en dêrop hast wis in oare namme foar Yslân is (it moat ek net útsletten wurde dat it om de Faeröer-eilannen giet), kaam it lân echt yn de belangstelling te stean doe't it op kaarten fan de Fenesjaan Nicolò Zeno (1558) as ôfsûnderlik eilân besuden Yslân te sjen wie. Zeno makke de kaart by in ferslach fan tochten dy't syn foarâlden, Nicolò en Antonio Zeno, makke hienen nei it lân. In tiid lang stie it lân op alle Europeeske kaarten fan it gebiet, as in eilân besuden Yslân, op likernôch 60-61° NB.
Martin Frobisher miende it sjoen te hawwen, mar hy moat by de súdkante fan Grienlân fard ha.
It nuvere oan it eilân is dat der wol tocht waard dat it om Yslân, de Faeroër-eilannen of om Grienlân gie, mar op guon kaarten steane dy trije lannen tegearre mei Frislân.
Literatuer
bewurkje seksje- Raymond Ramsay - No longer on the Map (1972)