It Frysk Dambûn of it Provinsjaal Frysk Dambûn (PFDB) waard oprjochte op 7 jannewaris 1928 mei as doel promoasje fan it damspul op it 100-rutige boerd, it saneamde "ynternasjonale boerd". It bûn is in ûnderôfdieling fan it Keninklik Nederlânsk Dam Bûn. Primêre doelen binne de organisaasje fan damwedstriden yn Fryslân en gearwurking mei de KNDB foar de organisaasje fan nasjonale wedstriden.

It mânske argyf fan it PFDB wurdt sûnt 2005 bewarre by Tresoar.

It Provinsjaal Frysk Dambûn ûntstie yn 1928, doe't fjouwer Fryske damclubs harren krêften bondelen yn ‘Dambond Friesland’. Yn de rin fan 1929 sleat it bûn him oan by it lanlike Nederlânske Dambûn, mar net lang dêrnei waarden de bannen wer ferbrutsen. Yn 1942 waard, as gefolch fan in maatregel fan de Dútske besetter, it Provinsjale Fryske Dambûn (koartwei de PFDB) foarme, mei 25 oansletten damclubs, dy ferplichte lid waarden fan it lanlike bûn. De relaasje mei it lanlike dambûn, it Keninklike Nederlânske Dambûn (KNDB) wie noch gâns jierren problematysk. Nei de oarloch ûntstie sels in skuorring, wêrby’t ferskate clubs har ôfskieden fan de PFDB en mei-inoar de âlde namme ‘Dambond Friesland’ brûkten.

In bysûnder probleem yn Fryslân foarmen de finansjen. Hûnderten dammers binne út mienskipsgefoel lid fan de pleatslike damferiening, sûnder har yn ieren en sinen dammer te fielen. Dêrom wurdt de kontribúsjeôfdracht oan it KNDB as in beswier field. Om dy beswieren yn de mjitte te kommen en omdat yn Nederlân persintueel fierwei de measte dammers yn Fryslân wenje, krige it bûn wat finansjele privileezjes. Yn de jierren fyftich sleat in grut diel fan de ‘ôffalligen’ him wer oan by de PDBD. Letter slueten ek de Noardeastpolder en Meppel har oan by it Frysk bûn, en ek de Damkring Marknesse spile fan 1954 ôf syn kompetysjewedstriden by it PFDB. In diel fan de clubs bleau lykwols ûnôfhinklik damjen.

Yn de Súdwesthoeke fan Fryslân bestiet al sûnt de 30-er jierren in lyts, ûnôfhinklik dambûn mei achttjin oansletten clubs. Ien tsiental, it Súdwesthoekteam, mei dêryn earste boerdspilers fan de oansletten ferieningen, spile noch lang mei yn de kompetysje fan de PFDB.

Yn 2003 bestie it Provinsjale Fryske Dambûn 75 jier. Ta gelegenheid fan dit jubileum ferskynde in it jubileumboek ‘’Leafhawwers en topdammers’’. Yn dit boek wurdt de skiednis fan de PFBD beskreaun.

Fryske damteams yn de nasjonale kompetysje

bewurkje seksje

De heechst spyljende Fryske damclub yn de nasjonale kompetysje is Damkombinaasje Fryslân, dy't sûnt it seizoen 2011/2012 wer yn de heechste nasjonale klasse (de eareklasse) útkaam. Damclub Huizum (dy't yn 1974 Nederlânsk kampioen waard) en Damclub de Aldehou spylje in klasse leger yn de Haadklasse A. Ein jierren 90 en begjin ienentweintichste iuw spile DC Rinsumageast yn de heechste lanlike klasse. Yn 1999 waard it twadde plak helle. Yn 2023 spile Damkombinaasje Fryslân yn de twadde klas fan it KNDB.

Yndividuele prestaasjes

bewurkje seksje

Twa leden fan de PFDB binne wrâldkampioen wurden, nammentlik Harm Wiersma (6x) en Jannes van der Wal (yn 1982). Sy hellen ek ferskate kearen in nasjonale titel, lykas Pieter Bergsma (yn 1968), Frank Drost (yn 1978) en Auke Scholma (yn 1995). Wrâldkampioen by de junioaren waarden Bauke Bies (yn 1977) en Wabe van der Wyk (yn 1999).

Fan de bestjoersleden wienen H. de Boer, Roel Bergsma, Pieter Bergsma en R. Scheer lang as bestjoerslid aktyf. In bekend earelid is Anton Schotanus.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Sûnt de oprjochting groeide it oantal oansluten ferienings yn Fryslân nei sa'n 20 yn 1953. Sûnt 1953 kamen der in soad klups by, omdat doe de KNDB foar Fryslân in geunstige kontribúsjeregeling ynstelde. Yn 1970 wiene der 45 oansluten ferienings, dêrnei kaam de groei. Yn it seizoen 1973/1974 wienen 59 ferienings mei yn totaal 1242 leden by it Provinsjale fryske Dambûn oansluten. Op 1 septimber 2003 wiene yn Fryslân noch 47 clubs aktyf yn de provinsjale kompetysje fan it Provinsjale Frysk Dambond, de PFDB. Ek wiene der noch in oantal net-organisearre clubs yn de provinsje. Wol organisearre, mar net by de FPBD, binne it Súdwesthoekebûn mei likernôch 21 oansletten clubs en it Dambûn Frysk Spul, dêr’t likernôch 10 clubs by oansletten wiene. [1]

Yn 2023 wie it tal clubs dat yn de provinsjale kompetysje spile weromrûn nei 16 clubs.

Clubnamme Oprjochte Plak Spyllokaasje
Bezint Eer Gij Begint 1962 Britsum Britsenburg (Britsum); 2007: fúzje mei Aldebiltsyl
Dokkum/Rinsumageast 1926 Dokkum De Beyer
damkring Emmeloord Emmeloord MFC Nieuw Jeruzalemkerk
Oefening Kweekt Kunst 1935 Gerkeskleaster gebou Rehoboth
Excelsior 1931 Harns De Koegelbult
Huizum 1932 Huzum/Ljouwert doarpshûs Ien en Mien
Lemmer 1936 De Lemmer De Zandbanken
Heerenveen/Mildam 1935 Mildaam Hof van Schoterland
Oerterp/Drachten 1948 Oerterp mfs. De Wier
Troch Tinken Sterk 1930 Surhústerfean De Lantearne
Steenwijk ‘36 1936 Tuk kafee De Karre
Twijzelerheide 1934 Twizelerheide De Jister
Urk aan Zet/Rasmode 1983 Urk postdoweferiening Tot Weerziens
Eensgezindheid 1931 Wâldsein mfs De Driuwpolle
Damcombinatie Fryslân 2007 Wânswert
Bolsward-Workum-Combinatie 1963 Warkum De Klameare

Ophefte clubs

bewurkje seksje

Understeande clubs wiene earder lid fan de PFDB, hawwe har ôfmelde as lid of binne fusearre.

Clubnamme Oprjochte Plak Spyllokaasje
Achlumer damclub 1949 Achlum
Akkrum Akkrum
Oudebildtzijl 1958 Aldebiltsyl Het Graauwe Paard
Ontspanning 1937 Aldeboarn Doarpshûs De Jister
Oudega 1970 Aldegea (Smell.) De Smidterij
Oudega-W. Aldegea-W.
Oudehaske Aldehaske
Oldetrijne Aldetrine
Oude- en Nieuwehorne Ald- en Nijhoarne
Friese Grens 1961 Appelskea
Zuidwesthoek damteam Bakhuzen mfs De Gearte
Mearslach Giet Foar 1963 Boalsert Griff. Sintrum
Birdaard Burdaard
Houdt Stand Bergum 1927 Burgum Kiehool
Burum Boerum
De Miszet 1936 De Broek
Broek o. Akkerwoude Broek û. Ikkerwâld
Buitenpost e.o. Bûtenpost Boelensstate
Delfstrahuizen 1937 Dolsterhuzen
Donkerbroek 1926 Donkerbroek Dorpshûis Oan 'e Feart
De Skouwer 1945 Driezum
IJlster Damclub (IJDC) 1924 of 1925 Drylts Yn des. 1960 waard it 35-jierrich bestean fierd
Drogeham 1975 Droegeham
Ens Ens
Akmarijp/Terkaple 1938 Eagmaryp/Terkaple
Anjum Eanjum
Oosterend Easterein
Oosterwolde Easterwâlde
Franeker 1971 Frjentsjer FNV-gebou
Garijp 1936 Garyp
Gorredijk 1961 De Gordyk herberch De Vrolijke Keizer
Trynwâlden/Gytsjerk 1961 Gytsjerk
De Toer 1935 Grou Bierhalle
Harlinger Damclub gie fierder mei Excelsior ûnder de namme Excelsior
Harlingen (dc Harlingen) Harns
Haulerwijk 1945 Haulerwyk doarpshûs De Enter
Heerenveen 1935 It Hearrenfean Paul Kruger
Heidenschap It Heidenskip
Hijum Hijum
Hemrik e.o. 1945 Himrik Het Koetshuis
Holwerd Holwert
Hommerts De Hommerts
De Lokzet 1976 Hurdegaryp
Hindeloopen Hylpen
Oefening en Vermaak Ikkerwâld
Engwierum Ingwierrum
jeugd dc Itens Itens doarpshûs De Lytse Fjouwer
Jelsum Jelsum
Jubbega Jobbegea
Idskenhuizen Jiskenhuzen
Eestrum Jistrum
Joure e.o. 1929 De Jouwer kafee ’t Syl
Wêz Wis 1957 Ketlik tegearre mei Oranjewoud fusearre ta Mildam
Kollum Kollum
T.O.G. 1935 Koudum
Langweer Langwar
Lioessens Ljussens
Stânfriezen Ljouwert
De Oldehove 1964 Ljouwert ’t Knooppunt
Gezellig Samenzijn (GS) 1934 Ljouwert mei DCL fusearre ta De Oldehove
Leeuwarden (DCL) 1925 Ljouwert mei GS fusearre ta De Oldehove
Ons Huis Ljouwert
Luttelgeest Luttelgeest
Tamek Damkring NWO Marknesse 1953 Marknesse De Breehof
Meppel Meppel
Mildam Mildaam Hof van Schoterland
Molenend 1961 Mûnein
Munnikezijl Muntsjesyl
Nagele 1974 Nagele
Nijbeets Nijbeets
N.D.C. Nijemirdum 1954 Nijemardum
Vooruit Noardburgum Opgien yn Houdt Stand Bergum
Offingawier Offenwier
Oranjewoud 1934 It Oranjewâld mei Ketlik fusearre ta Mildaam
Opeinde 1986 De Pein doarpshûs De Wringe
Pingjum Penjum
Ons Genoegen Raard
Roordahuizum Reduzum
Rinsumageest 1933 Rinsumageast doarpshûs De Beijer, fusearre mei Dokkum
Rottum Rottum
Rijperkerk Ryptsjerk
Sint Johannesga e.o. (Rotsterhaule) 1969 Sint Jansgea kafee Van der Zwaag
Schoterzijl Skoattersyl
Sleat 1930 Sleat
Slijkenburg Slikenboarch
De Kroonschijf Snits
Sneeker Damclub 1923 Snits wykgebou De Schuttersheuvel
De Harste 1947 Sumar doarpshûs De Kamp
Stiens Stiens
Jurjen Tolsma 1961 Stiens
Zurich Surch
Suawoude Suwâld
Terzool (Ons genoegen?) Tersoal
Ternaard Ternaard
Terwispel Terwispel
Tijnje De Tynje
Nut en Nocht 1937 Tytsjerk
Tjalleberd Tsjalbert
Wanswerd Wânswert doarpshûs Eldorado
Onderling Genoegen 1927 Warkum De Klameare
Warns Warns
T.N.S. Troch Neitinken Sterk Warten
De Denkers 1936 Waskemar
jeugddamclub Wergea Wergea
Warga Wergea
De Damrakkers 1977 Wergea senioareclub waard letter in jeugddamcub
Ons Genoegen De Westereen
Westergeest / Kollumerzwaag Westergeast / Kollumersweach
Wierum Wierum
Tot Ons Genoegen 1945 Wolvegea De Ark
Damnocht 1948 Wûns

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsje

  1. www.pfdb