Frysk Jeugdparlemint

(Trochferwiisd fan Frysk Jeugd Parlemint)

It Frysk Jeugdparlemint (of koartwei FJP) is in evenemint dat alle jierren holden wurdt yn Fryslân. Troch jongerein wurdt it bestjoer fan Fryslân neispile.

De tsien dielnimmende skoallen oan it Frysk Jeugdparlemint binne:

Eltse skoalle leveret acht persoanen. Elts persoan wurdt yndield by in kommisje. Troch guon wurdt foarôf neitocht oer it ûnderwerp en hokker ideeën se dêrfoar hawwe. Faak hawwe dy ideeën te krijen mei de jongerein. De dielnimmers hawwe ornaris in goed idee fan wat der ûnder de jeugd libbet.

De kommisjes

bewurkje seksje

Der binne 8 kommisjes:

  • Romtlike Oardering en Folkshûsfesting
  • Ekonomyske Saken
  • Ferkear en Ferfier
  • Iepenbiere Oarder en Feilichheid
  • Rekreaasje, Toerisme en Sport
  • (Multy) Kultureel Fryslân
  • Miljeu, Natoer en Lânskip
  • Wolwêzen en Soarch

Woansdei wurdt benammen brûkt om mei inoar yn de kunde te kommen. De skoallen wurde foarsteld en men komt foar de earste kear gear by de kommisje. Dêr wurde de al betochte ideeën samle. Yn de kommisje beslút men meastal let op de dei hokker foarstel fierder útwurke wurdt.

Op dizze stressfolle dei wurdt it keazen idee útwurke. Foar alles wat der ôfpraat wurdt, is tastimming en faak ek in hantekening nedich. Dat, as bygelyks in seal ôfhierd wurde moat, moat men in skriftelike oerienkomst hawwe mei de sealferhierder. At dit ûntbrekt, dan wurdt it foarstel net goedkard troch de Foarsitters en hat alle wurk om 'e nocht west. Dizze dei wurdt troch in hiel soad as tige dreech belibbe. Op tongersdei wurdt besletten wa't de Deputearre wurdt yn de kommisje. De Deputearre ferdigenet it foarstel fan de kommisje by de Algemiene Gearkomsten op freed. De dei wurdt ôfsletten mei in fraksjegearkomst. Dat hâldt yn dat alle leden dy't in skoalle fertsjintwurdigje by inoar komme om oer foarstellen te praten.

Freed is de dei fan de Algemniene Gearkomsten. Per Algemiene Gearkomst wurdt ien foarstel behandele. Yn dizze gearkomsten wurdt debatearre en stimd. Als men in foarstel goed fynt, mar details feroarje litte wol, kin in amendemint yntsjinne wurde; in wizigingsfoarstel. By in amendemint kin der allinnich foar of tsjin stimd wurde. By it hiele foarstel foar, tsjin of ûnthâlding.

 
Foarsitters en griffier 2007

De Algemiene Gearkomsten stean ûnder lieding fan 2 foarsitters en in griffier. At men sprekt by de Algemiene gearkomsten, moat der altyd fia de foarsitter praat wurde. Dizze dagen rinne der altyd provinsjemeiwurkers om dy't om rie frege wurde kinne. De kommisjes sels wurde laat troch in foarsitter en in skriuwer.

Yn dizze dagen is der ek in Parsegroep oanwêzich. Dizze bestiet út learlingen. De Parsegroep makket boekjes mei FJP-nijs en allegear aardige anekdoates.

Fan 5 t/m 7 maart 2008 waard de santjinde edysje fan it Frysk Jeugd parlemint holden. De hammer waard oerdroegen troch Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.

De foarstellen fan it 17e jeugdparlemint wienen:

1 - Ien foto seit mear as 1000 wurden
De kommisje Multikultureel Fryslân woe dat der mear oandacht kaam foar oare kultueren. Om dit ûnder de oandacht te bringen stelden hja foar in fotowedstryd foar learlingen fan middelbere skoallen te hâlden. De moaiste foto’s oer oare kultueren woe de kommisje sjen litte op in reizgjende tentoanstelling yn de bibleteken fan Burgum, Drachten, It Hearrenfean en Easterwâlde.
2 - It Drakeboatfestival
De kommisje Rekreaasje, Toerisme en Sport woe dat der in drakeboatfestival mei in soad muzyk yn de grachten fan Ljouwert organisearre waard. Doel fan it projekt wie imagoferbettering en de befoardering fan toerisme.
3 - Borrelbus/Diskoferfier
De kommisje Ferkear en ferfier woe mear oandacht besteegje oan it jongereinferfier nei hûs nei in nacht stappen. Hjirfoar moasten taksy's reservearre wurde dy't de jongerein ophelje út diskoteken út Drachten en omkriten.
4 - Fryske Probs
De kommisje Wolwêzen en Soarch woe in webstee opsette dêr't ynformaasje, in chatbox en in foarum oer alkohol en drugsgebrûk te finen wêze soenen. Dat webstee moast troch en foar jongeren makke wurde. Neist foarljochting wie it stee ek bedoeld as stipe foar jongerein dy't al in ferslaving hawwe.
5 - Jo bedriuw, myn staazje
De kommisje Ekonomyske Saken wol in webstee oprjochtsje dêr't bedriuwen staazjeplakken oanbiede koenen foar studinten. It doel fan it webstee wie dat studinten ek in baan yn Fryslân fine kinne moasten en net mear ferhúzje soenen mei de Rânestêd.
6 - Sûp dy net klem, traapje op tiid op 'e rem
De kommisje Iepenbiere Oarder en Feilichheid hie it plan om in filmke oer alkoholmisbrûk te meitsjen. It filmpje soe troch Fryslân Kolleezje makke wurde foar stúdzjepunten en dan 40 kear útstjoerd wurde troch de regionale stjoerders GP TV, Mercurius en Omrop Fryslân. Troch de film woe de kommisje tsjingean dat de jongerein letter in soad alkohol brûke.
7 - Gean foar grien
De kommisje Milieu, Natoer en Lânskip fûn dat der op skoallen in bettere ôffalskieding komme moast. Dat woenen hja berikje troch spesjale griene ôffalbakken by de skoallen del te setten, dêr't de skaolbern harren fruitresten yn kwyt kinne soenen. De kosten fan de ôffalbakken soenen foar rekken fan de skoallen komme. Ek in reklamekampanje wie in ûnderdiel fan it plan.
8 - Gasthúshâlding Fryslân
De kommisje Romtlike oardering en Folksferhuzing woe in webstee, dêr't jongerein makliker mei oan gasthúshâldings yn Fryslân komme kinne soenen. As foarbyld waarden skoalbern en skoalferlitters neamd dy't fan de eilannen komme. In oar doel fan it webstee is om mei oare jongerein yn kontakt te kommen. Der moast ek in promoasjekampanje komme.
9 - Inisjatyffoarstel oer ferkearsûngefallen ûnder jongerein
It FJP hie it foarstel dat it troch de provinsje op te rjochtsjen Jongereinplatfoarm as earste oandacht besteget oan it hege persintaazje ferkearsûngefallen ûnder de jongerein.

Keppeling om utens

bewurkje seksje