Frysk Lânboublêd

It Frysk Lânboublêd (Nederlânsk en offisjeel: Fries Landbouwblad) wie in Frysk tydskrift dat yn ferskillende foarmen yn totaal 145 jier bestien hat. It wie it offisjele orgaan fan 'e Fryske Maatskippij fan Lânbou en oare dêrby oansletten ferienings, te witten: it Bûn fan Plattelânsfroulju yn Fryslân en de Kristlike Fryske Plattelâns Jongerein.

Frysk Lânboublêd
Fries Landbouwblad
algemiene ynformaasje
hist. namme Mededelingen en Berichten
   (1860–1910)
Friesch Weekblad (1910–1920)
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre fakblêd
frekwinsje 1x wyks
bestean 18602005
plak haadred. Ljouwert (Fryslân)
útjouwer Fryske Mij fan Lânbou (1860-1991)
FLTO (1991-2005)
ISSN 0016-1373
offisjele webside
n.f.t.

It Frysk Lânboublêd ûntstie yn 1860 yn 'e foarm fan it moanneblêd Mededelingen en Berichten, dêr't ek in jierboekje fan ferskynde. Doe't Mededelingen en Berichten yn 1910 in wykblêd waard, krige it in nije namme: it Friesch Weekblad, dat ûnder lieding stie fan haadredaktrise Geertruida Christina Jentink. It Friesch Weekblad wie in wat ûndúdlike oantsjutting dy't wierskynlik dêrom yn 1920 feroare waard yn it Fries Landbouwblad.

Doe't yn 1991 de Fryske Maatskippij fan Lânbou opgie yn 'e Fryske Lân- en Túnbou Organisaasje (FLTO), naam dy de útjefte fan it Frysk Lânboublêd oer, nei de fúzje mei de Flevolânske Lân- en Túnbou Organisaasje ûnder de titel Het Landbouwblad. Yn dy tiid stie it tydskrift ûnder lieding fan Anne Bokma en Wiebe Dijkstra, dy't de beide lêste haadredakteurs wurde soene. Yn 2005 hold it Lânboublêd nammentlik nei 145 jier op te bestean, en gie it op yn Oogst, it blêd fan 'e lanlike Lân- en Túnbou Organisaasje (LTO).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: