Frysk yn it bestjoerlik ferkear
Wannear kin ik de oerheid yn it Frysk oansprekke of skriuwe?
bewurkje seksjeEltsenien kin it Frysk brûke yn de mûnlinge of skriftlike kontakten mei oerheidsorganen dy't yn de provinsje Fryslân fêstige binne. In brief nei it Provinsjehûs yn Ljouwert mei dus yn it Frysk skreaun wurde. Ek kin immen dy't mei in Fryske gemeente skillet dat yn it Frysk dwaan. Der is wol in útsûndering, nammentlik as jo frege wurde om dochs it Nederlânsk te brûken om't it Frysk de kommunikaasje tefolle behinderet. Tink dêrby oan in spesjalisearre Rykstsjinst dy't wol in festiging yn Fryslân hat, mar dêr't de meiwurkers net genôch yn steat binne it Frysk te lêzen of te praten.
Mei de oerheid it Frysk altyd brûke yn mûnlinge kontakten?
bewurkje seksjeYn it mûnlinge ferkear tusken boargers en oerheid yn de provinsje Fryslân mei it oerheidsorgaan har fan it Frysk betsjinje. As de boarger (of: bedriuw/organisaasje) freget om dochs it Nederlânsk te brûken om't it Frysk de kommunikaasje tefolle behinderet, sil it oerheidsorgaan dêr oan foldwaan moatte.
Mei de oerheid it Frysk altyd brûke yn skriftlike kontakten?
bewurkje seksjeSoms moat in Frysk stik ek yn it Nederlânsk steld wurde. Stikken dy't algemien binende foarskriften (bygelyks in oardering) of beliedsregels ynhâlde moatte ek yn it Nederlânsk steld wêze. Foar sokke situaasjes bestiet der dus in ferplichte dûbeltaligens. Eltsenien, Frysktalich of Nederlânsktalich, moat dy foarskriften en beliedsregels ommers lêze kinne. Stikken dêr't de ferplichte dûbeltaligens foar jildt wurde yn alle gefallen ek yn it Nederlânsk bekend makke of op besjen lein. Dat hoecht allinnich net as yn alle ridlikens oannommen wurde kin dat dêr gjin ferlet fan is.
Fierder moatte stikken dy't ornearre binne foar oerheidsorganen dy't bûten Fryslân fêstige binne of foar bestjoersorganen fan de sintrale oerheid (ek) yn it Nederlânsk skreaun wêze. Tink dêrby oan in brief fan de provinsje Fryslân oan in Ministearje yn Den Haach.
Hokker regels jilde der foar skriftlike stikken?
bewurkje seksjeOerheidsorganen dy't yn Fryslân fêstige binne en dy't net by de sintrale oerheid hearre (dus de Fryske gemeenten, de provinsje, wetterskippen en sa), kinne regels opstelle oer it gebrûk fan it Frysk yn skriftlike stikken. Yn dy regels kin fêststeld wurde dat skriftlike stikken óf yn it Frysk óf yn it Nederlânsk skreaun wurde. Ek kin fêststeld wurde dat beide talen yn dy stikken brûkt wurde moatte. De Minister dy't ferantwurdlik is foar ûnderdielen fan de sintrale oerheid dy't harren wurkgebiet yn Fryslân hawwe, kin ek sokke regels opstelle. Om der efter te kommen hokker regels jilde foar skriftlike stikken kinne jo dus it bêste streekrjocht kontakt opnimme mei jo gemeente of mei de provinsje.
Wannear kin ik in Nederlânske oersetting krije?
bewurkje seksjeAs in stik yn it Frysk skreaun is foarsjocht it oerheidsorgaan jo op jo fersyk fan in Nederlânske oersetting. Dêr moatte jo soms wol in fergoeding foar betelje. Dy fergoeding hoege jo net te beteljen as it bygelyks giet om de notulen fan de gemeenterie en jo hawwe in direkt belang by it ûnderwerp dat yn de notulen neamd wurdt. Itselde jildt as jo in beskikking ûntfongen hawwe dy't yn it Frysk steld is.
Frysk yn de gemeenterie en provinsjale steaten
bewurkje seksjeYn de gearkomsten fan fertsjintwurdigjende organen dy't yn Fryslân fêstige binne (tink oan de gemeenterie en provinsjale steaten, mar ek oan wetterskippen) mei eltsenien gewoan Frysk prate. En wat yn it Frysk sein wurdt, wurdt ek yn it Frysk notulearre.
Wêr is it wetlik regele?
bewurkje seksjeFoar 2014 wienen de regels oangeande it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear fêstlein yn de kêsten 2:7 oant en mei 2:12 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht. Sûnt 1 jannewaris 2014 is dêr de Wet gebrûk Fryske taal foar yn it plak kommen. Yn haadstik 2 fan dy wet binne de regels oangeande it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear fêstlein.