Fryske Bernekrante
De Fryske Bernekrante ferskynde fan 1980 oant 1992.
Flits
bewurkje seksjeAl yn 1960 bespruts it Frysk Nasjonael Boun plannen foar, yn de mande mei oare Fryske selskippen, it útjaan fan in bernekrante. [1] Der kamen hieltyd mear bern dy ’t op de legere skoallen Frysk lêzen en skriuwen learden, mar der wie foar harren gjin genôch gaadlike lesstof. In bernekrante soe foar in part oan dit ferlet temjitte kommen. Der waard tocht oan jiers tsien nûmers. Beswier wie al dat der adfertinsjes yn komme moasten om de kosten te drukken. [2] Yn 1962 waarden de plannen al konkreter. It útjaan fan in bernekrante ûnder de wurktitel ‘It Keatling’ yn oparbeidzjen mei oare selskippen - útsein it Roomsk Frysk Boun – soe ein fan dat jier útkomme. [3] Yn 1964 kaam de bernekrante ‘Flits’ út.[4] Yn 1965 ferskynde de Flits mei in Fryske oersetting fan Bokke Heidehipper fan 37 jier earder. It barde yn ôfleveringen en mei de orizjinele printsjes fan Frits Klein. Yn 1967 soe de Flits ophâlde te bestean.[5] [6]
Stifting Jacobus van Loon
bewurkje seksjeYn 1980 krige de Sintrale Kommisje Frysk fan it ministearje fan Kultuer, Rekréaasje en Maatskiplik Wurk in bedrach fan twa ton tasein as subsydzje foar it úteinsetten fan in bernekrante. Dy Frysktalige bernekrante soe in begelieding wurde moatte by de ynfiering fan it Frysk op de legere skoallen. Om de bernekrante nei de start fuortsette te kinnen, woe de kommisje gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling foar Frysktalige tydskriften. [7] In jier letter waarden de plannen foar in Fryske bernekrante konkreter. De krante moast fan 1 augustus dat jier ôf ferskine. It moast in krante fan wykblêd-formaat en mar ien steunkleur wurde. De bernekrante soe tsien kear yn it jier ferskine. De stifting Jacobus van Loon, dy ’t ek Frysk en Frij útjoech, soe foar it útjaan soargje. De Bernekrante ferskynde dy hjerst foar it earst en soe yn 1982 op syn heechst ƒ 30.000 op jierbasis krije. [8] De redaksje fan de bernekrante bestie út ien einredakteur en fierders meiwurkers út de rûnten fan it Mienskiplik Sintrum (MSU), skoallen en it Skriuwersbûn. Fan 1980 oant 1986 wie Froukje Annema redakteur fan de krante. [9]
Ynhâld
bewurkje seksjeYn ferbân mei Bistedei hiene yn 1983 skoalbern ferskes makke oer bisten, dy't fiif dagen lang oer de Fryske line fan Operaesje Fers te beharkjen wiene. Alle ferskes waarden ôfprinte yn de rubryk Poëzij-Boarterij fan de Fryske Bernekrante fan septimber. [10] Yn de berneboekewike fan 1986 kaam de redaksje fan mei in spesjaalnûmer: De Boevekrante. Yn dy krante stiene ferhalen oer boeven foar jonge en aldere bern en waarden ideeën oandroegen foar aktiviteiten bij de ferhalen. It wie eins de Fryske ferzje fan de Speelwerkbrief dy't de CPNB útjoech foar de skoallen. De Boevekrante stie ûnder redaksje fan J. Anema, S. Ypenga, W. de Jong en Akky van der Veer. De yllustraasjes wiene fan L. Tietjens. [11]
Yn 1989 ferskynde it spesjaalnûmer 'Utfynsels' dat oansluet by it tema fan de Berneboekewike. Yn de krante stiene twa ferhalen, ien foar de ûnderbou en ien foar de boppebou, skreaun troch Mindert Wynstra en Jan Schotanus. Fierder stiene der in gedichtsje, in strip, in ferske, wat opdrachten en suggesjes yn. It doel wie dat it wurkjen mei de krant de bern en de learkrêften ynspirearre ta it omgean mei boeken en it stypjen fan de lêsnocht.[12]
Ein
bewurkje seksjeYn 1990 besleaten Deputearre Steaten gjin jild mear te jaan oan de Fryske Bernekrante. It restant fan de subsydzje dy ’t it destiidske ministearje fan CRM yn 1980 takend hie gie nei de útjouwer, de Stichting Jacobus van Loon. Konform it yn 1989 fêststelde 'letterebelied’ (Ramtnota Taalbelied) fan de provinsje joegen de steaten allinnich subsydzjes oan literêre en algemien-kulturele tydschriften dy 't op basis fan yndividueel abonnement útjûn waarden. De Fryske Bernekrante foldie net oan dat kritearium. Foar de Bernekrante waard in aparte regeling troffen. De provinsjale stipe foar de Bernekrante fan de stifting Jacobus van Loon duorre noch oant 1 july.
Yn 1992 gie provinsjale subsydzje foar in nij berne- en jongereinblêd nei it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegeliedingstjinsten (MSU). De Bernekrante soe tenei brûkt wurde as learmiddel. It MSU brocht it nije blêd út yn'e mande mei de AFUK, de stifting It Fryske Boek en de Sintrale Bibleteektsjinst. [13]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|