It Skriuwersbûn

(Trochferwiisd fan Skriuwersbûn)

It Skriuwersbûn is in "fakbûn" en gesellichheidsferiening fan Fryske skriuwers en belangstellenden dy 't de Fryske literatuer in waarm hert tadrage. It oantal leden by de oprjochting op 22 maart 1969 wie 35, medio 1974 sawat 130. Foarsitters wienen Jo Smit (1969 - 1971) en Rudi Boltendal (1971). Yn 2013 waard Hein Jaap Hilarides foarsitter as opfolger fan Koos Tiemersma, fierder sitte Symen Schoustra, Anne Tjerk Popkema, Tryntsje van der Veer, Auck Peanstra en Jan Schotanus yn it bestjoer.

It orgaan fan de feriening is De Oesdrip, dat digitale blêd ferskynt trijeris it jier en stiet ûnder redaksje fan Sytske de Boer en Simon Oosting. It bûn organisearre sûnt 1972 (oant 1974) in jierlikse grutte Sutelaksje, ek organisearret it somtiden in skriuwerskafee en in Literêr Sirkwy. Om ta better Fryske ferhalen, gedichten, romans, toaniel en oare literêre teksten te kommen, hat it Bûn it projekt SKRIUW opset. Skriuwers krije dan stipe en begelieding om ta in better manuskript te kommen. In skriuwer dy't troch dat projekt ûntdutsen is, is Ferdinand de Jong. Ek wurde der oant de dei fan hjoed skriuwerswykeinen organisearre. Begjin santiger jierren waard dat net troch it bestjoer dien, mar troch yndividuele leden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Hiemside Skriuwersbûn

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: