Fu Works is in Nederlânske filmstudio dy't yn 1995 oprjochte waard troch San Fu Maltha. Anno 2018 is it bedriuw útwoeksen ta ien fan 'e meast toanoanjaande filmproduksjemaatskippijen fan it Nederlânske taalgebiet. De studio, dy't fêstige is yn Amsterdam, produsearret behalven spylfilms ek dokumintêres en tillefyzjesearjes.

Fu Works
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor filmstudio
fêstige yn Amsterdam
oprjochte 1995
oprjochter San Fu Maltha
offisjele webside
www.fuworks.nl

San Fu Maltha is in Nederlanner fan etnysk Sineesk komôf, waans famylje lang yn Nederlânsk-Ynje libbe en mids tweintichste iuw oerkaam nei Nederlân. Hy begûn yn 'e filmyndustry mei it fersoargjen fan 'e distribúsje foar bedriuwen as Warner Bros. Holland, Columbia Tri Star Holland, Polygram Benelux, RCV en Pathé UK. Yn 'e mande mei twa sakepartners rjochte er A-Film op, dat him al rillegau ûntjoech ta de meast toanoanjaande ûnôfhinklike distributeur fan Nederlân. Yn 1995 begûn Maltha in eigen filmstudio mei Fu Works. Yn 2005 ferkocht er syn oandielen yn A-Film om him tenei folslein op it meitsjen fan films en tillefyzjeprogramma's ta te lizzen.

Fu Works produsearre en ko-produsearre ferskate spylfilms, wêrûnder bekroande projekten as Süskind, Tirza, Oorlogswinter, Alles Is Liefde en Zwartboek, en oare bekende films as Costa!, Kenau en Phileine Zegt Sorry. Dokumintêres fan Fu Works wiene û.m. Parradox, Made in Korea en 4 Elements. Foar de tillefyzje produsearre Fu Works û.m. searjes as Costa!, Majesteit en Shouf Shouf de Serie. Njonken filmproduksje is de studio ek aktyf op it mêd fan 'e distribúsje fan films. Datoangeande rjochte Fu Works yn 2015 yn gearwurking mei de filmstudio Submarine it distribúsjebedriuw Periscoop op. Periscoop fersoarget de distribúsje yn 'e Benelúks foar projekten fan trêde partijen, dy't Fu Works en Submarine ek sels graach meitsje wollen hiene, lykas topfilms en grutte ynternasjonale dokumintêres.

De fûnskatalogus fan Fu Works omfettet (ein 2018) de folgjende projekten:

  • 4 Elements
  • Adrenaline
  • Alberta
  • Alles Is Liefde
  • Amphibious
  • Amsterdam Gothic
  • Angie
  • The Aviatrix of Kazbek
  • Birds without Wings
  • Het Bombardement
  • Brat
  • Brilliant Orange
  • Carmen van het Noorden
  • Colpo di Luna
  • Costa! (film)
  • Costa! (tillefyzjesearje)
  • The Delivery
  • Echo's van een Oorlog
  • Het Echte Leven
  • Een Echte Vermeer
  • Einstein in Guanajuato
  • The Emperor's Wife
  • Ennio Morricone: The Glance of Music
  • Figner: The End of a Silent Century
  • Greenwich Mean Time
  • Gypsy Caravan
  • The Horseless Prince
  • Huub Hangop: Voor ons Moeder
  • In Oranje
  • Iron Sky
  • Jade Warrior
  • Kenau
  • Kicks
  • League of Legends
  • Made in Korea: Een Enkeltje Seoul-Amsterdam?
  • Majesteit
  • Meet Me in Venice
  • Milo
  • Moonflight
  • Moonlight
  • Morlang
  • Naar de Klote
  • Nadra
  • One Last Dance
  • Oorlogswinter
  • De Overstap
  • Parradox
  • Phileine Zegt Sorry
  • De Poel
  • Portable Life
  • Refugee
  • Rent-A-Friend
  • Requiem für eine Freundin
  • Rock 'n' Roll Pecunia
  • Rutka
  • Science Fiction
  • Screaming Masterpiece
  • Separation City
  • Shouf Shouf de Serie
  • Snowfever
  • Soul Assassin
  • Spinoza
  • Spion van Oranje
  • De Stille Kracht
  • Store Planner
  • Suite Sixteen
  • Süskind
  • El Tango Prohibido
  • Tikkende Tijdbommen
  • Tirza
  • Toos
  • Untertage
  • Vet Hard
  • Virrie's Kinderen
  • Wa(l)ter
  • Westerling
  • Wolfseinde
  • Wolfseinde 2
  • Zwartboek


Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: