San Fu Maltha (Rotterdam, 17 july 1958) is in Nederlânsk filmprodusint en ûndernimmer. Hy is de oprjochter fan 'e filmstudio Fu Works, wêrmei't er sawol spylfilms as dokumintêres en tillefyzjesearjes produsearre hat. Guon fan syn bekendste produksjes binne Phileine Zegt Sorry, Zwartboek, Oorlogswinter en Kenau.

San Fu Maltha
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme San Fu Maltha
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 july 1958
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Sineesk
wurkpaad
wurksum as produsint
bekenste
  produksje(s)
Zwartboek
Oorlogswinter
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
www.fuworks.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

Maltha is in Nederlanner fan etnysk Sineesk komôf, waans famylje lang yn Nederlânsk-Ynje libbe en mids tweintichste iuw oerkaam nei Nederlân. Sels waard er yn 1958 yn Rotterdam berne.

Maltha begûn syn wurkpaad yn 'e filmyndustry mei it fersoargjen fan marketing en public relations foar Warner Bros. Holland en Columbia Tri Star Holland. Letter hied er ferskate banen by Meteor Film. Doe't dat bedriuw oerdien waard oan Polygram Filmed Entertainment waard Maltha akwisysjemanager foar Polygram International yn it Feriene Keninkryk.

Doe't er foar himsels begûn, brûkte Maltha de kontakten dy't er opboud hie om 'e distribúsje nei him ta te lûken fan bedriuwen as Warner Bros. Holland, Columbia Tri Star Holland, Polygram Benelux, RCV en Pathé UK. Dêrtroch ûntjoech it distribúsjebedriuw A-Film, dat er yn 1999 yn 'e mande mei twa sakepartners oprjochte, him al rillegau ta de meast toanoanjaande ûnôfhinklike distributeur fan Nederlân. Yn 1995 begûn Maltha in eigen filmstudio, dy't er Fu Works neamde. Yn 2005 ferkocht er syn oandielen yn A-Film om him tenei folslein op it meitsjen fan films en tillefyzjeprogramma's ta te lizzen.

Mei Fu Works produsearre Maltha Nederlânske spylfilms as Alles Is Liefde, Costa!, Kenau, Oorlogswinter, Phileine Zegt Sorry, Süskind, Tirza en Zwartboek. Dêrnjonken produsearre Fu Works ek dokumintêres, lykas Parradox, Made in Korea en 4 Elements en tillefyzjesearjes as Costa!, Majesteit en Shouf Shouf de Serie. Ferskaten fan Maltha syn films wûnen ynternasjonale prizen, yn 't bysûnder de oarlochsfilms Zwartboek (2006), regissearre troch Paul Verhoeven, en Oorlogswinter (2008), basearre op in jeugdroman fan Jan Terlouw.

Priveelibben

bewurkje seksje

San Fu Maltha hat trije soannen. Hy en syn gesin wenje yn Bilthoven, yn 'e provinsje Utert.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.