Markol
De markol of merkel (Fulica atra) is in 38 sm grutte wetterfûgel. Hy is hielendal swart mei in wite snaffel en in wite foarholle. Markols komme in protte foar op marren en yn fearten yn 'e buert fan reidseamen.
markol | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Fulica atra | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Oare Fryske nammen
bewurkje seksjeDe markol wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Blêsein, Blêskop, Dútser, Merkel, Merkol, Poep as Swarte Blêsde Ein.
Gedrach
bewurkje seksjeDe Markol dûkt in protte nei iten, benammen nei wetterplanten. Hy yt ek wol ynsekten en slakken. De Markol is net sa bêst op de wjukken. Meastal as er hurd fuort wol, rint er fladderjend oer it wetter sûnder echt te fleanen. Ek by it omheech kommen om te fleanen rint er earst in ein oer it wetter.
Fuortplanting
bewurkje seksjeMarkols bouwe in grut nêst fan reid en wetterplanten. Dat nêst kin soms wol sa'n 20 sm boppe it wetter útstekke. Nei 21-24 dagen komme de 5-10 aaien út. Nei in dei geane de âlden mei harren jongen te swimmen. Se bliuwe de earste tiid noch al yn 'e buert fan it nêst dêr't se geregeld weromkomme om te sliepen of harren op te waarmjen.