Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1900
De Olympyske Simmerspullen 1900, ek wol de IIe Olympiade neamd, waarden yn 1900 yn Parys, Frankryk hâlden. It fuotbal waard hâlden yn de Vélodrome de Vincennes.

Vélodrome de Vincennes
bewurkje seksjeIt Vélodrome de Vincennes stiet yn Vincennes, sûnt 1929 in stêddiel fan Parys. It velodroom waard boud yn 1896 en brûkt foar de Olympyske Spullen fan 1900 en fan 1924; by de spullen fan 1900 wie it it haadstadion en wie der ek de iepenings- en sluitingsseremoanje. Hjoed de dei hjit it velodroom, Vélodrome Jacques Anquetil. It tal taskôgers at der yn koene is net bekend.
Ofsizzingen
bewurkje seksjeTwa ploegen út Frankryk soene it opnimme tsjin ploegen út Belgje, Grut-Brittanje, Dútslân en Switserlân. De ploegen út Belgje, Switserlân en Dútslân seine ôf. Foar de ploech út Belgje waard in oare ploech út Belgje fûn.
Manlju
bewurkje seksjeLân | Lân | Utslach |
---|---|---|
Frankryk 1 | Grut-Brittanje | 0 - 4 |
Frankryk 2 | Belgje | 6 - 2 |
Einrangskikking
bewurkje seksjePlak | Lân |
---|---|
Grut-Brittanje | |
Frankryk 2 | |
Belgje |
Olympyske Simmerspullen 1900 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Bôgesjitten | Cricket | Croquet | Fuotbal | Golf | Gymnastyk | Hynstesport | Hurdsilen | Pelota | Polo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tennis | Toulûken | Wetterpolo |