Haadmenu iepenje

Fuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1908

It Olympysk Stadion fan Londen 1908

De Olympyske Simmerspullen 1908, ek wol de IVe Olympiade neamd, waarden yn 1908 yn Londen, Grut-Brittanje hâlden. De finale fan it fuotbal waard hâlden yn it White City Stadium. Yn 1985 is it White City Stadium ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de gebouwen fan in tillefyzjestjoerder.

White City StadiumBewurkje

It White City Stadium waard yn 1907 boud foar de Olympyske Simmerspullen yn 1908. It hie doe plak foar 93.000 taskôgers. It hie in Atletykbaan fan 536,44 m in baanhurdfytsbaan fan 660 meter in Swimbad fan 100 meter mei in dûktoer. De oarspronkelike atletykbaan had tsjinst dien oant 1914. Yn 1927 is de atletykbaan fuorthelle en ynsjierde mei gêrs om plak te meitsjen foar wynhûn draverijen. Yn 1985 is it White City Stadium ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de gebouwen fan in tillefyzjestjoerder.

Dielnimmende lannenBewurkje

Tidens de Spullen fan 1908 mocht elts dielnimmend lân maksimaal fjouwer fuotbal ploegen ynskriuwe foar it toernoai. Uteinliks waarden der acht ploegen ynskreaun: wêrfan't twa út Frankryk. De ploegen út Hongarije dy't tsjin Nederlân spylje moatten hiene en de ploech út de Bohemen dat tsjin Frankryk 1 spylje moatten hie, lutsen har op it lêste momint werom. Dêrtroch wiene Nederlân en Frankryk 1 sûnder te spyljen pleatst foar de heale finales. Frankryk 1 luts him werom foar de brûnzen finale, wêrtroch't der tsjin Sweden spile waard.

ManljuBewurkje

Earste omloopBewurkje

Lân Lân Utslach
  Frankryk 2   Denemark 0 - 9
  Grut-Brittanje   Sweden 12 - 1

Heale FinalesBewurkje

Lân Lân Utslach
  Frankryk 1   Denemark 1 - 17
  Grut-Brittanje   Nederlân 4 - 0

Brûnzen finaleBewurkje

Lân Lân Utslach
  Nederlân   Sweden 2 - 0

FinaleBewurkje

Lân Lân Utslach
  Grut-Brittanje   Denemark 2 - 0

EinrangskikkingBewurkje