It White City Stadium waard yn 1907 boud foar de Olympyske Simmerspullen yn 1908. It hie doe plak foar 93.000 taskôgers. It hie in Atletykbaan fan 536,44 m in baanhurdfytsbaan fan 660 meter in Swimbad fan 100 meter mei in dûktoer. De oarspronklike atletykbaan hat tsjinst dien oant 1914. Yn 1927 is de atletykbaan fuorthelle en ynsiedde mei gêrs om plak te meitsjen foar wynhûndraverijen. Yn 1985 is it White City Stadium ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de gebouwen fan in tillefyzjestjoerder.
Is boud yn 1894 en is in Universiteit it waard oprjochte mei as doel it befoarderjen fan de yndustriële feardigens, algemiene kennis, sûnnens en wolweazen fan jonge manlju en froulju dy't hearre ta de earmere klassen. Yn 1908 waard yn de Great Hall ûnderdiel fan Universiteit it Olympyske Boks toernoai hâlden. De Universiteits swimbad waard ek brûkt as spylplak foar it wetterpolo toernoai en in oantal swimûnderdielen, Hjoed de dei is it swimbad de Universiteits Biblioteek.