Gävle ( as Gevle) is in Sweedske stêd yn it lânskip Gästrikland en de provinsje Gävleborgs län. It is de haadstêd fan dy provinsje en ek fan de gemeente Gävle. Gävle leit 200 km benoarden Stockholm. Sûnt 1966 wurdt alle jierren yn de Krysttiid, yn it stedssintrum, in grutte bok fan strie oprjochte: de Gävlebok

Gävle
It stedhûs
It stedhûs
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Gävleborgs län
Sifers
Ynwennertal 95.055 (2011)
Oerflak 41,79 km²
Befolkingsticht. 1.644 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Offisjele webside
www.gavle.se
De rivier Gavlän yn it Gävlepark
De Gävlebok, 2009

Yn 1446 krige de stêd stedsrjochten fan kening Kristoffel III fan Denemark, dat it is ien fan de âldste stêden fan Norrland. Yn it ferline wie de haven fan belang foar de houteksport, no is it in opslachplak foar ierdoalje.

Gävle leit oan de Eastsee, oan de mûning fan de Gävle, de Testeborivier en by de mûning fan de rivier Dalälven. It klimaat is te fergelykjen mei dat fan it oare Mids-Sweden, mei trochstrings temperaturen fan -5 °C yn jannewaris en 17 °C yn july. De delslach is sa'n 600 mm it jier.

Ferneamde lju út Gävle

bewurkje seksje