Gaastmabuorren

(Trochferwiisd fan Gaestmabuorren)

Gaastmabuorren (ek:Gaastmerbuorren) is in buorskip oan de westkant fan Burgum. De Gaastmabuorren hearde oant sirka 1850 ta de himrik fan Hurdegaryp. De wei fan Burgum rjochting Suwâld wurdt noch hieltyd de Gaastmabuorren neamd. De namme komt ek foar as Geastma Buyren en Gaastmaburen.

Op de Gaastmabuorren stie de Groustins (1398 boud en yn 1829 ôfbaarnd).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: