Gantel
De Gantel is in rivierke yn it Westlân, yn de provinsje Súd-Hollân, dat ûnder oaren troch Monster en Poeldijk rint. De Gantel wie yn it ferline in brede slinke dy't by it wiedweidige stelsel fan tijslinken oan de mûning fan de Maas hearde.
De Gantel fan no is 8,6 km lang, begjint tichtby de Doddendaallaan (sûnt 1994 yn De Haach) en einiget yn de Monsterske Feart by 's-Gravenzande. Yn de rjochting fan 's-Gravenzande feroaret de namme fan it rivierke yn Groote Gantel. Oant de gemeentlike weryndieling yn it Westlân fan 2004, wie de Gantel de súdgrins fan de gemeente Monster.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeDe Fossa Corbulonis, in yn de 1e iuw troch it Romeinske leger groeven ferbining tusken de Alde Ryn by Leien en in (wierskynlike) floatbasis by Naaldwyk, roan fia de Gantel. It kanaal waard faaks oanlein om't de floedkreken yn de Romeinske tiid stadichoan tichtsliken.