Partycrashing

(Trochferwiisd fan Gate crashing)

Partycrashing (Ingelsk foar "feestbrekken" of "feestbraak") is sûnder útnûge te wêzen nei in feest ta gean dêr't men eins inkeld op útnûging wolkom is. Men kin dan tinke oan in grut jierdeisfeest, in brulloft, in jubileum, in skoalfeest of in bedriuwsfeest. It Ingelsk hat foar dit ferskynsel ek de yn Jeropa folle minder bekende term gatecrashing ("poartebrekken" of "poartebraak"). Dat is in neutralere oantsjutting, dy't ek brûkt wurde kin foar gelegenheden dy't gjin feest binne, lykas in begraffenis of in ledegearkomste fan in feriening. In bekend gefal fan partycrashing wie doe't Michaele en Tareq Salahi op 24 novimber 2009 ûnútnûge in staasjediner yn it Wite Hûs bywennen, dat jûn waard troch de Amerikaanske presidint Barack Obama ta eare fan syn gast, de Yndiaaske premier Manmohan Singh.

De Amerikaanske presidint Barack Obama begroetet Michaele en Tareq Salahi (dy't net útnûge binne) by in staasjediner yn it Wite Hûs yn novimber 2009.

Redens foar partycrashing kinne wêze:

Der binne ferskate techniken foar partycrashing. It wichtichst is dat men yn alles (lichemshâlding, gesichtsútdrukkings, praat) beart dat men it folste rjocht hat om oanwêzich te wêzen. Fierders moat men derfoar soargje dat men fan uterlik net út 'e toan falt, mar itselde soarte klean oan hat as de oare gasten. Om tagong te krijen kin men by de measte gelegenheden gewoan ûnbelet nei binnen ta rinne. By offisjele eveneminten is der faak befeiliging oanwêzich. Ien fan 'e dingen dy't men dan dwaan kin, is jin oanslute by in groep gasten dy't wol útnûge binne en meitsje dat it foar de befeiligingslju liket as heart men by dy groep, wylst men ek wer net sa ticht by komt dat it de minsken yn dy groep opfalt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.