Geert Ludzer Mak (Flaardingen, 4 desimber 1946) is in Nederlânsk jurist, sjoernalist en skriuwer.

Geert Mak (2010)

Mak waard berne yn Flaardingen, as neikommelinkje fan dominy Catrinus Mak en Geertje van der Molen, yn in húshâlding fan acht persoanen. Hy groeide op yn Hurdegaryp, en folge it Grifformeard Gymnasium yn Ljouwert. Yn 1966 begûn er mei in stúdzje steatsrjocht en rjochtssosjology aan de Frije Universiteit te Amsterdam, om yn 1967 oer te stappen nei de Universiteit fan Amsterdam. Doe't er yn 1972 ôfstudearre waard er yn 1973 dosint steats- en fremdljingerjocht oan de Universiteit Utert. Sûnt 1975 wurket er foar de Groene Amsterdammer en NRC Handelsblad, en dêrnei foar de VPRO. Yn de tachtiger jierren wurket er as fraksjemeiwurker by de PSP. Yn de njoggentiger jierren waard er fulltime skriuwer. Hy beklaaide de Wibautlearstoel oan de Universiteit fan Amsterdam fan 2001 oant 2003.

Alhoewol't Mak gjin oplieding ta histoarikus folge hat, waard er twa kear troch it Historisch Nieuwsblad útroppen as histoarikus fan it jier[1] en krige er yn 2004 in earedoktoraat fan de Iepen Universiteit "foar syn wichtige en orizjinele bydrage oan de skiednisskriuwerij".[2]

Yn it ramt fan de festiviteiten by it 25-jierrich bestean fan it Zentrum für Niederlande-Studien fan de Westfälische-Wilhelms Universität (WWU) Münster waard Geert Mak op 11 desimber 2014 troch de fakgroep Skiednis/Filosofy fan de WWU Münster in earedoktoraat útrikt.[3] Yn de taljochting by it te ferlienen earedoktoraat wurdt derop wiisd dat Mak ”as begenedigd skiedferteller by steat [is] fakwittenskip, popularisearring, orzjinaliteit en engaazjemint mei elkoar te ferbinen”.[4]

Mak is boaske oan Mietsie Ruiters, hat twa styfbern, twa bern en fiif bersbern.[5]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geert Mak.nl: Biografy
  2. Iepen Universiteit Nederlân, Parseberjocht 22 july 2004: "Earedoktoraat foar Jo Coenen en Geert Mak"
  3. "Ein begnadeter Geschichtenerzähler", WWU Münster, parseberjocht 11 desimber 2014
  4. Ehrendoktorwürde für Geert Mak, WWU Münster, parseberjocht 9 oktober 2014
  5. ‘We hadden geen hoofdredacteur’, NRC